Ewan McGregor (útspr. : ['ju:ən mək'ɡrɛɡər], likernôch "jû -un mek-greg -gur"; folút: Ewan Gordon McGregor ; Perth (Skotlân ), 31 maart 1971 ) is in Skotsk akteur , sjonger , regisseur en dokumintêremakker mei in dûbele Britsk -Amerikaanske nasjonaliteit , dy't in protte súkses hân hat mei filmhûsfilms , mar ek mei grutte Hollywood -produksjes. Hy is it bekendst fan films as Trainspotting , Moulin Rouge! en de Star Wars -prequeltrilogy , wêryn't er de rol fan 'e (jonge) Obi-Wan Kenobi fertolke. Behalven op it wite doek is McGregor ek aktyf as toaniel - en musicalakteur en hat er ferskate populêre dokumintêresearjes makke oer de tochten dy't er ôflein hat op syn motorfyts . Hy hat foar syn wurk in Golden Globe , in Emmy en twa Satellite Awards wûn.
Libben en karriêre
Jonkheid en oplieding
McGregor waard yn 1971 berne yn it Keninklik Sikehûs fan it Skotske Perth , as de soan fan James Charles Stewart "Jim" McGregor, in gymnastyklearaar , en Carole Diane Lawson, in leararesse en skoalbestjoerster . Hy hat in âldere broer , Colin McGregor, dy't foarhinne in piloat wie by de Britske Keninklike Loftmacht . Yn septimber 2020 , doe't er troch Sily reizge foar de dokumintêre Long Way Up , fertelde McGregor dat syn oerpake John McIndoe ein njoggentjinde iuw yn dat lân berne wie út in Skotske heit dy't dêr as yngenieur wurke en in mem dy't fan Dútsk komôf wie. McGregor is in lid fan 'e Clan Gregor (of MacGregor). Hy groeide deunby Perth op yn it doarp Crieff , dêr't er ek de middelbere skoalle trochrûn. Dêrnjonken folge er yn 'e fakânsjes in toanieloplieding oan 'e Guildhall School of Music and Drama yn Londen .
As film- en tillefyzje-akteur
Yn 1993 waard McGregor de haadrol taparte yn 'e BBC -dramasearje Lipstick on Your Collar . Datselde jiers spile er teffens ien fan 'e haadrollen yn 'e BBC-searje Scarlet and Black , as tsjinspiler fan in jonge Rachel Weisz . Ek syn debút as filmakteur fûn dat jiers plak, yn Being Human , fan regisseur Bill Forsyth . Yn 1994 hie McGregor û.m. in tige heech wurdearre rol yn 'e skriller Shallow Grave , dêr't er in Empire Award mei wûn. Syn ynternasjonale trochbraak kaam yn 1996 mei de rol fan 'e heroïneferslaafde Mark Renton, yn 'e mannichfâld bekroane filmhûsfilm Trainspotting , fan regisseur Danny Boyle .
Fanwegen de rom dy't er mei Trainspotting wûn, kaam McGregor ûnder de oandacht fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas , dy't him yn 1999 yn 'e Hollywoodproduksje Star Wars: Episode I – The Phantom Menace caste yn 'e rol fan 'e jonge Jedi-ridder Obi-Wan Kenobi , in rol dy't yn 'e oarspronklike Star Wars -trilogy , út 'e 1970-er en 1980-er jierren , ferneamd makke wie troch sir Alec Guinness . Mei dy rol waard McGregor ek bekend by it oansjenlike diel fan it publyk wêrfoar't Trainspotting te keunstsinnich wie. McGregor wie trouwens net de earste yn syn famylje dy't in rol yn in Star Wars -film spile, mei't syn omke Denis Lawson yn 'e oarspronklike trilogy de byrol fan Wedge Antilles fertolke hie. Yn 2002 en 2005 ferskynde McGregor fannijs as Obi-Wan Kenobi yn 'e oare beide dielen fan 'e Star Wars -prequeltrilogy : Star Wars: Episode II – Attack of the Clones en Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith . Hy die o sa war, fral yn it lêste diel fan 'e trilogy, om derfoar te soargjen dat syn lichemsbewegings en lytse oanwensten, de timing fan syn spraak , en syn aksint persiis lieken op dy fan Alec Guinness yn Star Wars: Episode IV – A New Hope .
Ewan McGregor yn 2001 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes .
Yn 2001 spile McGregor yn in oare grutte Hollywoodproduksje, Moulin Rouge! , de rol fan 'e jonge dichter Christian, dy't smoarfereale wurdt op 'e terminaal sike koertisane Satine, in rol fan aktrise Nicole Kidman . Dy rol smiet him in Satellite Award op. Datselde jiers hied er ek in rol yn 'e film Black Hawk Down , oer it delheljen troch rebellen fan ferskate Amerikaanske legerhelikopters yn 'e Somalyske haadstêd Mogadisjû , yn 1993 , wat late ta de Slach om Mogadisjû . Yn 2003 wie McGregor as tsjinspiler fan Renée Zellweger te sjen yn Down with Love , wylst er dat jiers ek, mei û.o. Jessica Lange , yn 'e troch de resinsinten tige priizge film Big Fish spile.
Ek yn 2003 wie McGregor as stimakteur yn 't spier foar twa animaasjefilms : Robots en Valiant . Yn 2005 spile er twa rollen (de iene as kloan fan 'e oare) yn The Island , fan regisseur Michael Bay , mei as tsjinspylster Scarlett Johansson . Dat jiers wied er ek yn 'e psychologyske skriller Stay te sjen, mei Naomi Watts en Ryan Gosling . Yn dyselde snuorje giene der geroften dat men him de rol fan James Bond oanbean hie foar de rebootfilm Casino Royale (2006 ), mar yn in fraachpetear út 2010 ûntkende McGregor dat. Yn 'e film Cassandra's Dream (2007 ), fan regisseur Woody Allen , spile McGregor foar Colin Farrell oer, yn I Love You, Phillip Morris (2009 ) wied er te sjen mei Jim Carrey , en yn Amelia (2009) hied er Hilary Swank as tsjinspylster. Ek yn 2009 fertolke er de rol fan kamerlengo Patrick McKenna yn Angels & Demons , it twadde diel fan 'e Robert Langdon -filmsearje en de ferfilming fan 'e roman mei deselde namme fan Dan Brown .
Yn 2011 hie McGregor mei Emily Blunt en Kristin Scott Thomas ien fan 'e haadrollen yn 'e Britske film Salmon Fishing in the Yemen , ûnder rezjy fan Lasse Hallström . Datselde jiers waard him op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Seattle de Golden Space Needle Award takend foar bêste akteur. Yn 2012 siet McGregor yn 'e sjuery fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes en wûn er op it Ynternasjonaal Filmfestival fan San Sebastián syn earste oeuvrepriis . Hy spile dat jiers ek yn 'e rampefilm The Impossible , mei Naomi Watts en Tom Holland . Yn 2013 wied er mei Meryl Streep en Julia Roberts te sjen yn August: Osage County en teffens as ridder yn 'e fantasyfilm Jack the Giant Slayer . Yn 2014 hied er in cameo yn 'e westernkomeedzje A Million Ways to Die in the West . Mei Johnny Depp spile McGregor yn 2015 yn 'e aksjekomeedzje Mortdecai . Yn 2016 hied er in rol yn American Pastoral , dat teffens de earste film wie dy't er sels regissearre.
Ewan McGregor yn 2009 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto .
McGregor kroep yn 2017 jitris yn 'e hûd fan Mark Renton foar it ferfolch op Trainspotting , dat T2 Trainspotting hiet. Hy spile ek Lumière yn 'e live-actionadaptaasje fan 'e Disney -klassiker Beauty and the Beast , in rol dy't yn 'e oarspronklike tekenfilm út 1991 ynsprutsen wurden wie troch Jerry Orbach . Foar Beauty and the Beast makke McGregor diel út fan in stjerrecast mei û.o. Ian McKellen , Emma Thompson , Emma Watson , Kevin Kline , Stanley Tucci , Gugu Mbatha-Raw en Josh Gad . Ek yn 2017 spile McGregor yn it trêde seizoen fan 'e tillefyzjesearje Fargo , dêr't er in Golden Globe foar bêste akteur mei wûn. Yn 2018 fertolke er de folwoeksen ferzje fan it titelpersonaazje yn Christopher Robin , in live-actionferfilming fan 'e Winnie the Pooh -franchise fan Disney.
Yn 2019 spile McGregor de âldere Danny Torrance yn Doctor Sleep , de ferfilming fan 'e roman mei deselde namme fan horrorskriuwer Stephen King . Yn 2020 wied er as de supersmjunt Black Mask te sjen yn 'e DC Comics -supersmjuntefilm Birds of Prey (and the Fantabulous Emancipation of One Harley Quinn) , mei de Australyske aktrise Margot Robbie as syn tsjinspylster. Yn augustus 2019 waard troch filmstudio Lucasfilm bekendmakke dat McGregor op 'e nij de rol fan Obi-Wan Kenobi spylje soe foar de oankommende minysearje Obi-Wan Kenobi , dy't fan 2022 ôf te sjen is op streamingtsjinst Disney+ . McGregor liet witte sa bliid as in bern te wêzen dat er no in ferzje fan dat personaazje spylje koe dy't de Obi-Wan Kenobi fan Alec Guinness út 'e earste Star Wars -film mear belike. Yn 2021 krige McGregor rûnom lof taswaaid foar syn fertolking fan 'e rol fan 'e Amerikaanske moade-ûntwerper Roy Halston Frowick yn 'e biografyske minysearje Halston , fan streamingtsjinst Netflix . Foar dy rol wûn er in Emmy en in Satellite Award .
As toanielakteur
Njonken syn karriêre as film - en tillefyzje -akteur , har McGregor ek geregeldwei op 'e planken stien. Sa wied er fan novimber 1998 oant maart 1999 û.m. yn Londen te sjen as Malcolm Scrawdyke yn it toanielstik Little Malcolm and His Struggles Against the Eunuchs , dat regisearre waard troch syn omke Denis Lawson . Fan juny 2005 oant april 2007 spile er fierders mei û.o. Jane Krakowski , Douglas Hodge en Jenna Russell yn 'e musical Guys and Dolls , yn it Piccadilly Teäter yn Londen. Foar de rol fan Sky Masterson yn dat stik waard er yn 2007 nominearre foar in tige prestizjeuze Laurence Olivier Award yn 'e kategory bêste akteur yn in musical. Fan desimber 2007 oant febrewaris 2008 spile McGregor yn it Donmar Warehouse de rol fan Iago yn Shakespeare syn trageedzje Othello , mei as tsjinspilers Chiwetel Ejiofor yn 'e titelrol en Kelly Reilly as Desdemona. Dyselde rol fertolke McGregor yn maaie 2008 jitris yn in harkspul op 'e BBC -radio .
As dokumintêremakker
Al sûnt syn jonkheid is McGregor in fanatyk motorrider , en fan april oant juny 2004 ûndernaam er mei syn bêste freon Charley Boorman en kameraman Claudio von Planta in motorreis fan Londen nei New York fia Midden - en East-Jeropa , de Oekraïne , Ruslân , Kazachstan , Mongoalje , Sibearje , Alaska , Kanada en de legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten . Dêrby leine hja op BMW R1150GS Adventure -motorfytsen in totale ôfstân fan 35.960 km ôf. De bylden dy't dat opsmiet, makke McGregor neitiid in dokumintêrerige fan mei as titel Long Way Round (frij fertaald: "By Berltsum Om"). Letter kaam der ek in boek oer de reis út, mei deselde titel, dat in bestseller waard.
Fan maaie oant augustus 2007 ûndernaam McGregor mei Boorman en Von Planta in twadde reis, diskear fan John o' Groats , it noardlikste punt fan Skotlân , nei Kaapstêd , yn Súd-Afrika . Op 'e nij ferskynden der in dokumintêrerige en in boek oer de reis, mei as titel Long Way Down . Yn septimber 2010 sei Boorman dat der in trêde reis op kommendeweis wie, fan Fjoerlân nei Kalifornje , mar it duorre noch oant 2019 ear't dy reis der echt fan kaam. De tsiendielige dokumintêresearje dy't dêr fan makke waard, krige de titel Long Way Up . McGregor wurke yn 2012 ek mei oan in twadielige BBC-dokumintêre mei as titel Ewan McGregor: Cold Chain Mission , wêryn't de akteur per motor, boat, fleantúch en geandefoets reizge om faksêns foar bern oer te bringen nei ôfhandige dielen fan Yndia , Nepal en de Demokratyske Republyk Kongo . Dat wie ûnderdiel fan syn wurk as goodwill-ambassadeur foar UNICEF .
Ewan McGregor yn 2009 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje .
Priveelibben
McGregor troude yn 1995 mei Eve Mavrakis, in Frânske produksje-ûntwerpster . Mei har krige er fjouwer dochters : Clara Mathilde McGregor (1996 ), Esther Rose McGregor (2001 ), Jamyan McGregor (2001 ) en Annouk McGregor (2011 ). Jamyan wie in strjitbern dat McGregor yn 2004 , ûnder de opnamen fan Long Way Round , mette yn Mongoalje en yn 2006 adoptearre . It jongste famke, Annouk, is ek oannommen. De bern waarden grutbrocht as joaden om't Mavrakis in joadinne is en McGregor sels gjin útsprutsen religy hat, hoewol't er, nei eigen sizzen "dizenich", as kristen grutbrocht is.
McGregor wenne fan 2010 ôf mei wiif en bern yn Los Angeles , om't er yn syn eardere wenplak Londen net mear normaal libje koe en oeral lestich fallen waard troch fans .
Yn maaie 2017 rekke McGregor by de frou wei, fan wa't er sûnt skieden fan tafel en bêd libbe. Op 19 jannewaris 2018 frege er in formele skieding oan, dy't op 13 augustus 2020 definityf waard. Sûnt 2017 hat McGregor in relaasje mei de Amerikaanske aktrise Mary Elizabeth Winstead , mei wa't er yn 'e kunde kaam op 'e set fan 'e tillefyzjesearje Fargo . Harren soan Laurie waard berne yn juny 2021 .
Ewan McGregor set him tige yn foar ferskate goede doelen , wêrûnder UNICEF , it bernefûns fan 'e Feriene Naasjes , dêr't er goodwill-ambassadeur foar is. Yn 2013 waard er beneamd ta ofsier yn 'e Oarder fan it Britske Ryk (OBE) foar syn fertsjinsten op it mêd fan toaniel en goeddiedichheid .
Op polityk mêd wie McGregor yn 2014 in tsjinstanner fan ûnôfhinklikens foar Skotlân by it referindum datoangeande . Mar hy wie yn 2016 by it Brexit-referindum in noch fûleindiger tsjinstanner fan Britske weromlûking út 'e Jeropeeske Uny . Letter seid er yn in fraachpetear dat er foar ûnôfhinklikheid stimd hie as er witten hie dat it Feriene Keninkryk út 'e Jeropeeske Uny stappe soe. Yn 2020 spriek er op 'e nij syn stipe út foar de ûnôfhinklikheid fan Skotlân, mei de wurden: "It is der tiid foar." Yn 2016 liet McGregor him naturalisearje ta Amerikaanske steatsboarger en sûnt hat er in dûbele Amerikaansk-Britske nasjonaliteit . De reden foar syn naturalisaasje wie dat er in grut tsjinstanner fan 'e Amerikaanske presidint Donald Trump wie, en tsjin him stimme kinne woe by de presidintsferkiezings fan 2020 .
Filmografy
Filmografy as akteur
jier
titel
rol of funksje
opmerkings
tillefyzje
1993
Lipstick on Your Collar
Mick Hopper
minysearje
1993
Scarlet and Black
Julien Sorel
minysearje
1994
Doggin Around
Tom Clayton
tillefyzjefilm
1995
Kavanagh QC
David Robert Armstrong
gastrol ; ôfl. Nothing But the Truth
1996
Karaoke
jongeman
gastrol; ôfl. Tuesday
1996
Tales from the Crypt
Ford
gastrol; ôfl. Cold War
1997
ER
Duncan Stewart
gastrol; ôfl. The Long Way Around nom. Emmy Award foar bêste byrol fan in akteur yn in dramasearje
2002
The Polar Bears of Churchill with Ewan McGregor
himsels
as presintator ; dokumintêresearje
2004
Long Way Round
himsels
dokumintêresearje
2007
Long Way Down
himsels
dokumintêresearje
2010
The Battle of Britain
n.f.t.
voice-over by in dokuminêresearje
2012
Ewan McGregor: Cold Chain Mission
himsels
dokumintêresearje
2012
Bomber Boys
n.f.t.
voice-over by in dokumintêresearje
2012
The Corrections
Chip Lambert
nea útstjoerde pilotôflevering
2013
Hebrides: Islands on the Edge
n.f.t.
voice-over by in dokumintêresearje
2015
Doll & Em
himsels
2 ôfl.
2016
Highlands: Scotland's Wild Heart
n.f.t.
voice-over by in dokumintêresearje nom. Emmy Award foar bêste ferteller
2017
Fargo
Emmit Stussy / Ray Stussy / wittenskipper
fêste rol yn seizoen 3; 10 ôfl.Golden Globe foar bêste akteur yn in minysearje of tillefyzjefilm nom. Emmy Award foar bêste akteur yn in minysearje of tillefyzjefilm nom. Satellite Award foar bêste akteur yn in minysearje of tillefyzjefilm nom. Satellite Award foar bêste akteur yn in drama- of sjenresearje
2020
Long Way Up
himsels
dokumintêresearje
2021
Halston
Roy Halston Frowick
minysearjeEmmy Award foar bêste akteur yn in minysearje of tillefyzjefilmSatellite Award foar bêste akteur yn in minysearje of tillefyzjefilm nom. Golden Globe foar bêste akteur yn in minysearje of tillefyzjefilm nom. Screen Actors Guild Award foar bêste akteur yn in minysearje of tillefyzjefilm
2021
Jerusalem: City of Faith and Fury
n.f.t.
voice-over by in dokumintêresearje
2022
Obi-Wan Kenobi
Obi-Wan Kenobi
minysearje
films
1994
Being Human
Alvarez
1994
Shallow Grave
Alex Law
Empire Award foar bêste Britske akteur
1995
Blue Juice
Dean Raymond
1996
Trainspotting
Mark Renton
Empire Award foar bêste Britske akteur nom. MTV Movie Award foar bêste trochbraakoptreden
1996
The Pillow Book
Jerome
1996
Emma
Frank Churchill
1996
Brassed Off
Andy Barrow
1997
Nightwatch
Martin Bells
1997
The Serpent's Kiss
Meneer Chrome
1997
A Life Less Ordinary
Robert Lewis
Empire Award foar bêste Britske akteur nom. MTV Movie Award foar bêste dûnssêne (mei Cameron Diaz )
1998
Desserts
kuierder
koarte film
1998
Velvet Goldmine
Curt Wild
1998
Little Voice
Billy
nom. Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in film
1999
Star Wars: Episode I – The Phantom Menace
Obi-Wan Kenobi
nom. Saturn Award foar bêste byrol fan in akteur nom. MTV Movie Award foar bêste gefjocht (mei Liam Neeson en Ray Park )
1999
Rogue Trader
Nick Leeson
1999
Eye of the Beholder
Stephen Wilson / The Eye
2000
Anno Donimi
frjemdling
koarte film
2000
Nora
James Joyce
ek ko-produsint
2001
Moulin Rouge!
Christian
Satellite Award foar bêste akteur yn in komeedzjefilm of filmmusicalEmpire Award foar bêste Britske akteur nom. Golden Globe foar bêste akteur yn in komeedzjefilm of filmmusical nom. Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in film nom. AACTA Award foar bêste akteur nom. MTV Movie Award foar bêste tút (mei Nicole Kidman ) nom. MTV Movie Award foar bêste dûnssêne (mei Nicole Kidman)
2001
Black Hawk Down
soldaat John Grimes
2002
Star Wars: Episode II – Attack of the Clones
Obi-Wan Kenobi
2002
Solid Geometry
Phil
koarte film
2003
Down with Love
Catcher Block
2003
Young Adam
Joe Taylor
nom. Empire Award foar bêste Britske akteur
2003
Faster
ferteller
as stimakteur
2003
Big Fish
de jonge Edward Bloom
2005
Robots
Rodney Copperbottom
as stimakteur
2005
Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith
Obi-Wan Kenobi
nom. MTV Movie Award foar bêste held nom. MTV Movie Award foar bêste gefjocht (mei Hayden Christensen )
2005
Valiant
prins Valiant
as stimakteur
2005
The Island
Lincoln Six Echo / Tom Lincoln
2005
Stay
dr. Sam Foster
2006
Stormbreaker
Ian Rider
2006
Scenes of a Sexual Nature
Billy
2006
Miss Potter
Norman Warne
2007
Cassandra's Dream
Ian Blane
2008
I, Lucifer
Declan Gunn
2008
Incendiary
Jasper Black
2008
Deception
Jonathan McQuarry
2009
Angels & Demons
kamerlengo Patrick McKenna
2009
I Love You, Phillip Morris
Phillip Morris
2009
The Men Who Stare at Goats
Bob Wilton
2009
Amelia
Gene Vidal
2010
The Ghost Writer
de ghostwriter
alternative titel: The Ghost
2010
Nanny McPhee and the Big Bang
Rory Green
2010
Jackboots on Whitehall
Chris
as stimakteur
2010
Beginners
Oliver Fields
2011
Perfect Sense
Michael
2011
Fastest
ferteller
as stimakteur
2011
Haywire
Kenneth
2012
Salmon Fishing in the Yemen
dr. Alfred Jones
nom. Golden Globe foar bêste akteur yn in komeedzjefilm of filmmusical
2012
The Impossible
Henry Bennett
2013
Jack the Giant Slayer
Elmont
2013
August: Osage County
Bill Fordham
nom. Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in film
2014
A Million Ways to Die in the West
cowboy op merke
cameo
2014
Son of a Gun
Brendan Lynch
2015
Mortdecai
ynspekteur Alistair Martland
2015
Last Days in the Desert
Jezus Kristus / Satan
2015
Miles Ahead
Dave Brill
2015
Star Wars: Episode VII – The Force Awakens
Obi-Wan Kenobi
cameo as stimakteur
2016
Jane Got a Gun
John Bishop
2016
Our Kind of Traitor
Perry Makepeace
2016
American Pastoral
Seymour "Swede" Levov
ek regisseur
2017
T2 Trainspotting
Mark Renton
2017
Beauty and the Beast
Lumière
2018
Zoe
Cole
2018
Christopher Robin
Christopher Robin
2019
Doctor Sleep
Dan Torrance
nom. Saturn Award foar bêste akteur
2019
Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker
Obi-Wan Kenobi
cameo as stimakteur
2020
Birds of Prey (and the Fantabulous Emancipation of One Harley Quinn)
Roman Sionis / Black Mask
nom. MTV Movie Award foar bêste smjunt
2021
The Birthday Cake
pastoar Kelly
2022
Pinocchio
Sebastian J. Cricket
as stimakteur
20??
Raymond and Ray
Raymond
Bibliografy
2004 – Long Way Round (mei Charley Boorman )
2008 – Long Way Down (mei Charley Boorman)
Diskografy
1997 – Choose Life (mei PF Project ), op it album Trainspotting#2: Music from the Motion Picture, Vol. #2
1999 – TV Eye (mei Wylde Ratttz ), op it album Velvet Goldmine: Music from the Original Motion Picture
2001 – Come What May (mei Nicole Kidman ), op it album Moulin Rouge! Music from Baz Luhrmann's Film
2001 – Elephant Love Medley (mei Nicole Kidman), op it album Moulin Rouge! Music from Baz Luhrmann's Film
2001 – El Tango de Roxanne (mei José Feliciano ), op it album Moulin Rouge! Music from Baz Luhrmann's Film
2001 – Your Song (mei Alessandro Safina ), op it album Moulin Rouge! Music from Baz Luhrmann's Film
2003 – Here's to Love (mei Renée Zellweger ), op it album Down with Love: Music from and included in the Motion Picture
2017 – Be Our Guest (mei Emma Thompson , Ian McKellen en Gugu Mbatha-Raw ), op it album Beauty and the Beast
2017 – Days in the Sun (mei Adam Mitchell, Stanley Tucci , Ian McKellen, Emma Thompson, Emma Watson , Audra McDonald en Clive Rowe ), op it album Beauty and the Beast
2017 – Something There (mei Emma Watson, Dan Stevens , Emma Thompson, Ian McKellen, Nathan Mack en Gugu Mbatha-Raw), op it album Beauty and the Beast
2017 – The Mob Song (mei Luke Evans , Josh Gad , Emma Thompson, Ian McKellen, Stanley Tucci, Nathan Mack en Gugu Mbatha-Raw), op it album Beauty and the Beast
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en referinsjes