De Europeeske Rûte foar Bakstiengotyk (Deensk: Europæiske rute for teglstensgotik; Dútsk: Europäische Route der Backsteingotik; Poalsk: Europejski Szlak Gotyku Ceglanego) is in toeristyske rûte dy't (hânze)stêden yn Denemark, Dútslân en Poalen meiïnoar ferbine.
Yn de rûte binne wichtige monuminten lykas tsjerken, kleasters, riedshuzen, poarten en oare bouwurken yn de styl fan de bakstiengotyk opnommen.