Under de Grutte Sû-Oarloch naam Godfrey as befelhawwer fan K Kompanjy fan it 7e Kavaleryrezjimint diel oan 'e simmerkampanje fan 1876, wêrby't er op 25 en 26 juny meifocht yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn súdlik Montana, tsjin 'e Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho. Hoewol't Custer sels mei in detasjemint besteande út fiif kompanjyen op in heuveltop besingele rekke en troch de Yndianen folslein ferdylge waard, oerlibbe Godfrey de slach om't er ta it detasjemint fan kapteinFrederick Benteen hearde. Dat waard mei it detasjemint fan majoarMarcus Reno twa dagen lang op in oare heuvel belegere, mar wist stân te hâlden oant it ûntset waard troch farske Amerikaanske troepen ûnder lieding fan brigadegeneraalAlfred Terry en kolonelJohn Gibbon. Neitiid skreau Godfrey in ferslach fan syn ûnderfinings ûnder de fjildslach, dat yn jannewaris1892 publisearre waard yn it tydskriftCentury Magazine, en dêrnei noch ferskate kearen yn oare publikaasjes werprinte waard. Mei dat skriuwen oefene Godfrey in grutte ynfloed út op 'e publike persepsje fan 'e Slach oan de Little Bighorn en it liederskip fan Custer.
Godfrey troude twa kear. Syn earste frou stoar foar 1892. Yn 1932 wiene syn oerlibjende bern út syn earste houlik Mary Godfrey en Edward S. Godfrey jr., dy't dokter wurden wie. Op 6 oktober1892 wertroude Godfrey mei in Ida D. Emely (1856-1941), dy't him oerlibje soe.