Alfred Terry

Alfred Terry
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút Alfred Howe Terry
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 10 novimber 1827
berteplak Hartford (Konettikut)
stoarn 16 desimber 1890
stjerplak New Haven (Konettikut)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
tsjinsttiid 18611888
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Amerikaanske Leger
heechste rang generaal-majoar (sûnt 1886)
befel 2e Frijw. Ynfanteryreg. f. Konn.
Am. Xe Korps
Mil. Dif. f.d. Missoury
konflikt(en) Amerikaanske Boargeroarloch
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
Nez Persé-Oarloch
treffen(s) 1e Slach by Bull Run
2e Slach om Charleston
Slach by Proctor's Creek
Belis fan Petersburg
Slach by New Market Heights
2e Slach om Fort Fisher
Slach om Wilmington

Alfred Terry (folút: Alfred Howe Terry; Hartford (Konettikut), 10 novimber 1827New Haven (Konettikut), 16 desimber 1890) wie in Amerikaansk militêr dy't focht yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch, de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 en de Nez Persé-Oarloch. Hoewol't er foarôfgeande oan 'e Boargeroarloch gjin ofsiersoplieding folge hie, ûntjoech er him ta in kundich legeroanfierder, en garre er rom mei de ynname fan 'e Konfederearre fêsting Fort Fisher. Terry waard lykwols it bekendst troch syn rol yn 'e simmerkampanje fan 1876 tsjin 'e Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, wêrby't er fersomme om syn dryste ûnderhearrige George Armstrong Custer te berongjen, mei as gefolch de ûndergong fan Custer syn Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Terry waard yn 1827 berne yn Hartford, yn 'e Amerikaanske steat Konettikut. Hy groeide lykwols op yn New Haven, dêr't er oant 1838 syn ûnderwiis genoat oan 'e Hopkins School. Letter folge er yn syn wenplak in oplieding oan 'e ferneamde Universiteit fan Yale, dêr't yn 1848 ôfstudearre as master yn 'e rjochten. Neitiid waard er oansteld as griffier fan it gerjochtshôf fan New Haven County.

Tsjinst ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch

Doe't yn 1861 de Amerikaanske Boargeroarloch útbriek, stalde Terry op eigen manneboet it 2e Frijwillige Ynfanteryrezjimint fan Konettikut gear, wêrfan't er sels ta kolonel beneamd waard. Syn rezjimint naam yn 'e Earste Slach by Bull Run diel oan 'e ferdigening fan 'e Noardlike haadstêd Washington, D.C., en waard neitiid oerpleatst nei kust fan Súd-Karolina. Terry kearde werom nei New Haven, dêr't er yn septimber 1861 mei Joseph Roswell Hawley in twadde frijwilligersrezjimint organisearre, it 7e Frijwillige Ynfanteryrezjimint fan Konettikut, wêrfan't Hawley kommandant waard. Sels waard Terry yn april 1862 befoardere ta brigadegeneraal mei it befel oer de difyzje fan it Amerikaanske Xe Korps dy't legere wie op Morris, in eilân foar de kust fan Súd-Karolina. Dêr wied er begjin 1863 behelle yn 'e Twadde Slach om de haven fan Charleston (yn Charleston), en naam er letter dat jiers diel oan in skermutseling by Grimball's Landing. Yn septimber 1863 ferovere er yn dyselde krite Fort Wagner.

Begjin 1864 waard it Xe Korps oerpleatst nei Firginia, dêr't it ûnderdiel út kaam te meitsjen fan it Leger fan de James, fan generaal Benjamin Franklin Butler. Terry syn difyzje waard omneamd ta de 1e Difyzje, Xe Korps, en focht yn 'e Slach by Proctor's Creek en yn 'e Bermuda Hundred-kampanje yn 'e omkriten fan 'e Konfederearre haadstêd Richmond. Nei't it Belis fan Petersburg begûn, wie Terry belutsen by operaasjes benoarden de rivier de James, wêrûnder de Slach by New Market Heights. Doe't de kommandant fan it Xe Korps, David B. Birney, yn oktober omkaam, naam Terry koarte tiid it befel oer it legerkorps oer foar't dat opgie yn oare ienheden. Hoewol't er beslist gjin minne steat fan tsjinst hie, wie it Terry tsjin dy tiid noch net slagge om itselde soarte gloarje op it slachfjild te winnen as in protte oare Noardlike generaals.

Syn grutste prestaasje yn 'e Boargeroarloch kaam doe't Terry oan it haad pleatst waard fan it Ekspedysjekorps nei Fort Fisher. Generaal Butler wie it ein 1864, by de Earste Slach om Fort Fisher, net slagge en nim dy Konfederearre fêsting yn. Begjin 1865 skonk de Noardlike legerkommandant Ulysses S. Grant Terry lykwols it fertrouwen om dêr in nije goai nei te dwaan. Troch goed gear te wurkjen mei in flottylje fan 'e Amerikaanske Marine, ûnder admiraal David Dixon Porter, wist Terry op 13 jannewaris de oerwinning te beheljen. Dêrby stjoerde er in difyzje 'kleurlingetroepen' (befrijde negerslaven) nei it noarden ta om 'e Konfederearre legermacht fan generaal Braxton Bragg tsjin te kearen, wylst er syn oare difyzje, ûnder kolonel Adelbert Ames, tsjin Fort Fisher sels ynsette. Nei ferheftige man-tsjin-mangefjochten waard it fort doe ynnommen. Foar dy prestaasje waard Terry befoardere ta generaal-majoar.

Yn febrewaris arrivearren fersterkings ûnder generaal John M. Schofield, dy't doe it befel oernaam foar de opmars nei Wilmington, yn Noard-Karolina. Terry naam diel oan 'e Slach om Wilmington en de ferovering fan dy stêd, wêrnei't it Ekspedysjekorps nei Fort Fisher omneamd waard ta it Xe Korps, mei Terry as kommandant. Yn it einstadium fan 'e Boargeroarloch naam er yn dy hoedanichheid diel oan 'e Karolina's-kampanje fan generaal William Tecumseh Sherman. Terry wurdt noch altyd beskôge as ien fan 'e bekwaamste Noardlikste generaals út 'e Boargeroarloch dy't foartiid gjin ofsiersoplieding folge hiene.

Terry nei de Boargeroarloch.

Lettere tsjinst

Nei't de Boargeroarloch yn april 1865 einige mei de oerjefte fan 'e Konfederaasje, besleat Terry en bleau yn it Amerikaanske Leger. Hy waard yn rang weromset nei kolonel fanwegen in oerskot oan ofsieren doe't it leger yn fredestiid ôfslanke waard, mar krige al rillegau wer in befoardering ta brigadegeneraal. Yn 1868 wied er belutsen by de ûnderhannelings dy't laten ta it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, dêr't de Oarloch fan Reade Wolk, tusken de Feriene Steaten en de Lakota, mei beëinige waard. Fan desimber 1869 ôf tsjinne er as de lêste militêre gûverneur fan 'e súdlike steat Georgia, dêr't er him ûntjoech ta in ûnfersoenlike fijân fan 'e rasistyske Ku Klux Klan.

Under de simmerkampanje fan 1876, dy't ta de Grutte Sû-Oarloch hearde, fierde Terry it befel oer de kolonne fan it Amerikaanske Leger dy't yn maaie nei it westen ta ôfsette út Fort Abraham Lincoln, yn 'e Dakota's. It wie de bedoeling dat Terry yn 'e mande mei kolonel John Gibbon, dy't út it noardwesten opteach, en brigadegeneraal George Crook, dy't út it suden kaam, de opstannige Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho fan 'e medisynman Sittende Bolle en it opperhaad Mâl Hynder yn 'e skjirre nimme soe.

Terry joech syn ûnderhearrige luitenant-kolonel George Armstrong Custer lykwols de frije hân, en de sucht nei gloarje op it slachfjild ferlate dy dryste ofsier derta om op 25 juny yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn súdlik Montana, syn eigen libben en de libbens fan in grut diel fan syn manskippen wei te smiten yn in striid mei in oermacht oan fijannen, dy't net te winnen wie. Terry en de rest fan syn kolonne arrivearren yn 'e mande mei Gibbon syn troepen twa dagen neitiid op it slachtjild. Hja ûntsetten it diel fan Custer syn Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint dat de slach oerlibbe hie en op in heech klif boppe de rivier de Little Bighorn belegere waard troch de Yndianen, en fûnen de stoflike omskotten fan Custer en de leden fan fiif kompanjyen dy't oan 'e lêste man ta útrûge wiene.

Yn oktober 1877 waard Terry nei Kanada ta stjoerd om dêr te ûnderhanneljen mei Sittende Bolle, dy't om utens beskûl socht hie. It slagge him net om 'e âlde medisynman derfan te oertsjûgjen en kom werom nei de Feriene Steaten. Datselde jiers wie Terry ek behelle yn 'e Nez Persé-Oarloch yn Montana, wêrby't er him mei fersterkings nei it striidtoaniel hastige om foar te kommen dat de Nez Persé de Kanadeeske grins berikke soene. Yn 1878 waard Terry mei generaal-majoar John Schofield beneamd yn in presidinsjele kommisje om 'e feroardieling troch de kriichsrie fan generaal Fitz John Porter tsjin it ljocht te hâlden. De befinings fan 'e kommisje wiene dat Porter ûnrjochtlik feroardiele wie foar leffens en oerhearrigens. Terry waard yn 1886 befoardere ta generaal-majoar mei it befel oer de Militêre Difyzje fan 'e Missoury, wêrfan't it haadkertier yn Chicago fêstige wie.

Ferstjerren

Alfred Terry stoar op 16 desimber 1890, yn 'e âlderdom fan 63 jier, yn New Haven, dêr't er begroeven leit op it Grove Street Cemetery.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Read other articles:

هذه المقالة يتيمة إذ تصل إليها مقالات أخرى قليلة جدًا. فضلًا، ساعد بإضافة وصلة إليها في مقالات متعلقة بها. (أبريل 2019) تيريزا لو   معلومات شخصية الميلاد 13 أكتوبر 1987 (36 سنة)  تايبيه  مواطنة تايوان  الطول 164 سنتيمتر  الوزن 57 كيلوغرام  الحياة العملية المهنة لاعبة غو...

 

Penyuntingan Artikel oleh pengguna baru atau anonim untuk saat ini tidak diizinkan.Lihat kebijakan pelindungan dan log pelindungan untuk informasi selengkapnya. Jika Anda tidak dapat menyunting Artikel ini dan Anda ingin melakukannya, Anda dapat memohon permintaan penyuntingan, diskusikan perubahan yang ingin dilakukan di halaman pembicaraan, memohon untuk melepaskan pelindungan, masuk, atau buatlah sebuah akun. Artikel ini bukan mengenai Suku Aceh, Bahasa Aceh, atau Kesultanan Aceh. Untuk ke...

 

August Haarmann (* 4. August 1840 in Blankenstein (Ruhr); † 7. August 1913 in Osnabrück[1]) war ein deutscher Eisenhütten-Ingenieur und Industrie-Manager. Inhaltsverzeichnis 1 Leben 2 Auszeichnungen 3 Schriften 4 Literatur 5 Weblinks 6 Einzelnachweise Leben Haarmannsche Schwellenschiene, Querschnittszeichnung Das zweite Profil von rechts ist ein von Haarmann aus drei Einzelprofilen zusammengesetztes Rillenschienenprofil, das bei der Straßenbahn Leipzig verwendet wurde August Haar...

.sh

.sh البلد المملكة المتحدة  الموقع الموقع الرسمي  تعديل مصدري - تعديل   sh. هو نطاق إنترنت من صِنف مستوى النطاقات العُليا في ترميز الدول والمناطق، للمواقع التي تنتمي إلى سانت هيلينا (مستعمرة بريطانية في المحيط الأطلنطى).[1][2] مراجع ^ النطاق الأعلى في ترميز الدولة (ب

 

John Baptiste Henri Joseph Desmazières Información personalNombre de nacimiento Jean Baptiste Henri Joseph Desmazières Nacimiento 1830LilleFallecimiento 1918ParísResidencia FranciaNacionalidad francésInformación profesionalÁrea Fósiles, Micología, Botánica, AlgologíaAbreviatura en botánica Desm.Miembro de Société Botanique de FranceSociété linnéenne de ParisAcademia de Ciencias de Turín (desde 1841) [editar datos en Wikidata] John Baptiste Henri Joseph Desmazi...

 

For the administrative subdivision of Iran, see Kalat District (Iran). District in Balochistan, Pakistan District of Balochistan in PakistanKalat District کلاتDistrict of BalochistanMap of Balochistan with Kalat District highlighted in maroonCountry PakistanProvince BalochistanDivisionKalatEstablishedMarch 1954HeadquartersKalatGovernment • TypeDistrict Administration • Deputy CommissionerShayak Baloch • District Police OfficerN/A • ...

Gotas de água se acumulando em ramos durante uma neblina. O lugar da árvore Garoé na ilha de El Hierro, a mítica árvore da chuva dos guanches bimbaches cuja fama percorreu a Europa. A árvore, possivelmente um til, produzia por captura de nevoeiro água suficiente para alimentar o povoado vizinho. Precipitação oculta, ou precipitação horizontal, são as designações dadas em climatologia e ecologia à água que escorre para o solo a partir de árvores e outros obstáculos durante a ...

 

Der Kieler Matrosenaufstand (auch Kieler Matrosen- und Arbeiteraufstand) begann am 3. November 1918. Er löste die Novemberrevolution aus, die zum Sturz der Monarchie und zur Ausrufung der Republik in Deutschland führte. Dem Aufstand gingen Ende Oktober ausgedehnte Befehlsverweigerungen der Besatzungen der vor Wilhelmshaven zusammengezogenen deutschen Hochseeflotte voraus. Diese richteten sich gegen den für den 30. Oktober geplanten Flottenvorstoß. Die Seekriegsleitung (SKL) hatte, obwohl ...

 

يفتقر محتوى هذه المقالة إلى الاستشهاد بمصادر. فضلاً، ساهم في تطوير هذه المقالة من خلال إضافة مصادر موثوق بها. أي معلومات غير موثقة يمكن التشكيك بها وإزالتها. (مارس 2016) هضبة حضرموت هي أكبر مظهر رسوبي، جنوب الجزيرة العربية، وهي عبارة عن ثنيتين محدبتين إحداهما شمالية والأخرى جن

This article includes a list of general references, but it lacks sufficient corresponding inline citations. Please help to improve this article by introducing more precise citations. (March 2010) (Learn how and when to remove this template message) The gun data computer was a series of artillery computers used by the U.S. Army for coastal artillery, field artillery and anti-aircraft artillery applications. For antiaircraft applications they were used in conjunction with a director computer. V...

 

This article relies largely or entirely on a single source. Relevant discussion may be found on the talk page. Please help improve this article by introducing citations to additional sources.Find sources: Electrophilic addition – news · newspapers · books · scholar · JSTOR (March 2021)Chemical reaction The overall reaction for electrophilic addition to ethylene. In organic chemistry, an electrophilic addition reaction is an addition reaction where a ch...

 

1990 film by Jack Nicholson The Two JakesTheatrical release poster by Robert Rodriguez[1]Directed byJack NicholsonWritten byRobert TowneBased onCharactersby Robert TowneProduced by Robert Evans Harold Schneider Starring Jack Nicholson Harvey Keitel Meg Tilly Madeleine Stowe Eli Wallach Rubén Blades Frederic Forrest David Keith Richard Farnsworth CinematographyVilmos ZsigmondEdited byAnne GoursaudMusic byVan Dyke ParksDistributed byParamount PicturesRelease date August 10, 1...

Hartbeesfontein CommandoHartbeesfontein Commando emblemActive1954-2006Country South AfricaAllegiance  Republic of South Africa  Republic of South Africa Branch  South African Army  South African Army TypeInfantryRoleLight InfantrySizeOne BattalionPart ofSouth African Infantry CorpsArmy Territorial Reserve, Group 30Garrison/HQHartbeesfonteinMilitary unit Hartbeesfontein Commando was a light infantry regiment of the South African Army. It formed part of the South A...

 

Họ người Việt Nam gồm các họ của người dân tộc Kinh và các dân tộc thiểu số khác sống trên lãnh thổ đất nước Việt Nam. Việt Nam nằm ở khu vực Đông Nam Á nhưng lại thuộc vùng văn hóa Đông Á nên không giống các nước Đông Nam Á khác, Việt Nam chịu nhiều ảnh hưởng từ văn hóa Trung Quốc nên họ người Việt cũng vậy. Tuy vậy họ người Việt không nhiều như Trung Quốc. Ba họ lớn n...

 

Applied branch of geophysics and economic geology Exploration geophysics is an applied branch of geophysics and economic geology, which uses physical methods at the surface of the Earth, such as seismic, gravitational, magnetic, electrical and electromagnetic, to measure the physical properties of the subsurface, along with the anomalies in those properties. It is most often used to detect or infer the presence and position of economically useful geological deposits, such as ore minerals; fos...

Model in physics Gravity field redirects here. For Earth's gravity field, see Gravity of Earth. Representation of the gravitational field of Earth and Moon combined (not to scale). Vector field (blue) and its associated scalar potential field (red). Point P between earth and moon is the point of equilibrium. In physics, a gravitational field or gravitational acceleration field is a vector field used to explain the influences that a body extends into the space around itself.[1] A gravi...

 

Historical name for various regions of Vietnam from the 17th to 20th centuries Đàng Trong or Cochinchina in 1867, including Lower Cochinchina Cochinchina or Cochin-China[1] (/ˌkoʊtʃɪnˈtʃaɪnə/, UK also /ˌkɒtʃ-/; Vietnamese: Đàng Trong (17th century - 18th century), Việt Nam (1802-1831), Đại Nam (1831-1862), Nam Kỳ (1862-1945); French: Cochinchine) is a historical exonym for part of Vietnam, depending on the contexts. Sometimes it referred to the whole of Vietnam, ...

 

American soccer player Jon Okafor Personal informationFull name Jonathan OkaforDate of birth (1989-08-25) August 25, 1989 (age 34)Place of birth Verona, New Jersey, United States[1]Height 1.85 m (6 ft 1 in)Position(s) MidfielderCollege careerYears Team Apps (Gls)2007–2010 Brown Bears Senior career*Years Team Apps (Gls)2010 Central Jersey Spartans 6 (2)2013 MYPA 30 (6)2014 Arizona United 32 (6)2015 Atlanta Silverbacks 18 (1)2015 → Arizona United (loan) 2 (0) *Cl...

Revolución de Zanzíbar Contexto del acontecimientoFecha 12 de enero de 1964Sitio Sultanato de ZanzíbarMotivos Gobierno minoritario árabe sobre una mayoría africana Trato desigual a la población africanaGobierno previoGobernante Sultán Jamshid bin Abdullah de ZanzíbarForma de gobierno Monarquía constitucionalGobierno resultanteGobernante Abeid KarumeForma de gobierno República[editar datos en Wikidata] La Revolución de Zanzíbar consistió en el derrocamiento en 1964 del s...

 

Deputi Bidang Perkoperasian Kementerian Koperasi dan Usaha Kecil dan Menengah Republik Indonesia125pxSusunan organisasiDeputi-Kantor pusatJl. H.R. Rasuna Said Kav. 3-4, Kuningan, Jakarta 12940Situs webwww.depkop.go.id Deputi Bidang Perkoperasian merupakan unsur pelaksana pada Kementerian Koperasi dan Usaha Kecil dan Menengah Republik Indonesia yang berada di bawah dan bertanggung jawab kepada Menteri Koperasi dan Usaha Kecil dan Menengah.[1] Referensi ^ Peraturan Presiden Nomor 6...

 

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!