Eddie Murphy (folút: Edward Regan Murphy; New York, 3 april1961) is in Amerikaanskakteur, komyk, regisseur, senarioskriuwer, filmprodusint en sjonger fan Afro-Amerikaanskkomôf. Hy waard bekend as in lid fan 'e fêste cast fan it komysketillefyzjeprogrammaSaturday Night Live, dêr't er fan 1980 oant 1984 oan meiwurke. Ek los dêrfan wurke er yn 'e earste helte fan 'e 1980-er jierren in protte as komyk. Letter lei er him lykwols fral ta op syn aktearkarriêre, wêrby't er yn 't earstoan spile yn kaskreakers as 48 Hrs., de Beverly Hills Cop-trilogy en Coming to America, mar letter bravere rollen spile yn films as The Nutty Professor en Dr. Dolittle, dy't lykwols yn finansjeel opsjoch ek in grut súkses waarden. Ek as stimakteur is Murphy tige aktyf, mei as bekendste optreden de ezel Donkey yn 'e Shrek-tekenfilmsearje. Murphy waard yn 2006 nominearre foar in Oscar en wûn in Golden Globe foar syn rol yn 'e filmDreamgirls. Yn 2020 wûn er ek in Emmy Award foar syn presintaasje fan Saturday Night Live. Mei al syn films byinoar is er de op fiif nei meast opbringende akteur yn 'e Feriene Steaten.
By it bredere publyk krige Murphy foar it earst bekendheid as akteur mei syn sketches yn it langrinnende komysketillefyzjeprogrammaSaturday Night Live, dêr't er fan 1980 oant 1984 by de fêste cast hearde. Syn ynternasjonale trochbraak makke er yn 1982, mei syn rol yn 'e aksjefilm48 Hrs., mei Nick Nolte. It jiers dêrop spile er mei Dan Aykroyd yn 'e komeedzjefilmTrading Places. Syn trêde film, Best Defense (1984), in komeedzje mei Dudley Moore, waard in finansjeel fiasko, mar mei't datselde jiers noch Beverly Hills Cop útkaam, ien fan Murphy syn grutste súksessen, rûn syn karriêre gjin bliuwende skea op. Beverly Hills Cop, wêryn't er de glêde plysjeresjersjeur Axel Foley spile, die it sa goed, dat der yn it ramt fan 'e filmtrilogy mei deselde namme noch twa ferfolchfilms op makke waarden: Beverly Hills Cop II (1987) en Beverly Hills Cop III (1994). Tsjin 'e tiid dat it lêste diel fan 'e trilogy útkaam, begûn de magyske formule dúdlik útwurke te reitsjen.
In oar grut súkses wie de komeedzjefilm Coming to America, út 1988, oer in wrâldfrjemde Afrikaanskeprins dy't himsels steande sjen moat te hâlden yn 'e rûge New Yorkske borough Queens. Yn dy film fertolken Murphy en syn tsjinspilerArsenio Hall allebeide ferskate rollen (wêrûnder Murphy syn memorabele optreden as in âlde blankeJoadskeman). Letter soe Murphy dat trúkje nochris yn ferskillende oare films werhelje. Tsjin it begjin fan 'e 1990-er jierren wie Murphy ien fan 'e grutte Hollywood-stjerren wurden, en spile er û.m. yn 'e aksjefilm Another 48 Hrs. (1990), wêrfoar't er sels it senario skreau, de fermaaklike komeedzje The Distinguished Gentleman (1992), wêryn't er de Amerikaanske polityk op 'e hak naam, en de aksjefilm Metro (1997).
Fan 'e midden fan 'e jierren njoggentich ôf begûn Murphy lykwols yn in hiel oar slach films te spyljen. Hy sensurearre syn eigen taalgebrûk sadat him gjin ûnfoech wurd mear oer de lippen kaam en makke himsels op dy manear tagonklik foar in jonger (Amerikaansk) publyk. In grut diel fan syn âlde fans heakke lykwols teloarsteld ôf. Mei komeedzjes as The Nutty Professor (1996), Dr. Dolittle (1998) en Daddy Day Care (2003) belibbe er op 'e nij grutte súksessen. Dat joech oanlieding ta twa nije ferfolchfilms: Nutty Professor II: The Klumps (2000) en Dr. Dolittle 2 (2001). Underwilens liende Murphy ek gauris as stimakteur syn stim oan tekenfilmfigueren. Sa wurke er û.m. mei oan 'e Disney-film Mulan, út 1998, mar syn bekendste rol op dit mêd wie sûnder mis dy fan Donkey, de eigensinnige ezel út 'e Shrek-filmsearje. Dy rol fertolke er yn 'e films Shrek (2001), Shrek 2 (2004), Shrek the Third (2007), Shrek Forever After (2010) en dêropta yn ferskate tillefyzjeprogramma's.
Yn 2021 makke Murphy mei Coming 2 Amearica in ferfolchfilm op ien fan syn grutste súksessen, Coming to America. In weromkear fan Murphy as Axel Foley yn in fjirde Beverly Hills Cop-film is (anno 2021) yn preproduksje. Yn jannewaris2023 waard oan Murphy by de útrikking fan 'e Golden Globes de Cecil B. DeMille Award takend, in oeuvrepriis.
Oare wurkmêden
Njonken syn wurk as akteur en komyk is Murphy ek al sûnt de 1980-er jierren aktyf as senarioskriuwer, en letter ek as regisseur. Fierders is Eddie Murphy ek in sjonger. Yn 'e iere jierren tachtich, foar't er súkses krige as akteur, besocht er om in karriêre as sjonger fan 'e grûn te krijen, mar dat slagge net. Hy brocht ferskate albums mei R&B-muzyk út. Letter brûkte er syn sjongen benammen yn it ferlingde fan syn aktearkarriêre, lykas yn 'e Shrek-films, dêr't er op 'e soundtrack te hearren is, û.m. as de sjonger fan it nûmer I'm a Believer. Yn 2013 brocht Murphy foar it earst yn jierren wer in single út, in reggaeliet mei de titelRed Light, dat er tegearre mei rapperSnoop Dogg song.
Priveelibben
Murphy hat twa soannen út iere relaasjes: Eric (1989), by Paulette McNeely, en Christian (1990), by Tamara Hood. Letter begûn er in jierrenlange relaasje mei Nicole Mitchell (1968) mei wa't er yn 1988 by in priisútrikking yn 'e kunde kommen wie. Hja wennen twa jier gear foar't hja op 18 maart1993 yn New York trouden. Mei Mitchell krige Murphy fiif bern: Bria (1989), Myles Mitchell (1992), Shayne Audra (1994), Zola Ivy (1999) en Bella Zahra (2002). Yn augustus2005 fregen Murphy en Mitchell lykwols in skieding oan, en dy waard op 17 april2006 definityf.
Dêrnei begûn Murphy om te gean mei de eardere Spice GirlMel B, dy't yn ferwachting rekke en sei dat it bern fan Murphy wie. Tsjin RTL Boulevard-korrespondintMatthijs Kleyn sei Murphy lykwols yn desimber2006: "Ik wit net waans bern oft dat is, oant it derút komt en in bloedtest ûndergiet. Jo moatte gjin foarbarige konklúzjes lûke, menear." Nei de berte fan Angel Iris Murphy Brown, op Eddie Murphy syn jierdei yn april2007, die lykwols bliken dat it yndie syn bern wie. Mel B sei letter yn in fraachpetear dat Murphy net nei it bern omseach, mar yn 2010 kaam nei bûten dat der dochs kontakt tusken him en syn dochter wie.