De Fontein (Ljouwert)

De Fontein
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Ljouwert
adres Goudenreinstrjitte 77
koördinaten 53°11' N 5°49' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip earder: NH;
no: PKN
Arsjitektuer
boujier 1968
Webside
De Fontein
Kaart
De Fontein (Ljouwert)
De Fontein

De Fontein is in protestanske tsjerke oan 'e Goudenreinstrjitte yn Ljouwert. Tegearre mei de Grutte Tsjerke yn it sintrum en De Skeakel yn Kammingabuorren foarmet De Fontein de Protestantske Gemeente fan Ljouwert. Ek de Waalske Tsjerke is eigendom fan 'e gemeente. [1] Earder stie De Fontein bekend ûnder de namme "Open Hof".

Bou

Logo fan De Fontein.

De tsjerke waard yn 1968 as sânde tsjerke fan 'e Herfoarme gemeente fan Ljouwert as in rjochthoekige sealtsjerke mei in frijsteande stielen klokketoer boud.[2]

Yn 2013 waard de tsjerke tydlik foar in ferbouwing sletten. Op saterdei 10 maaie iepene de renovearre en fergrutte tsjerke de doarren wer. Yn 'e fernijde tsjerke passe no 350 minsken, en dat tal kin noch útwreide wurde ta maksimaal 500 minsken.

Oargel

It oargel yn 'e tsjerke is ôfkomstich út de grifformearde Adelaartsjerke yn 'e wyk Bilgaard, dy't yn maaie 2012 sletten waard en yn juny 2024 ôfbrutsen is. Dat koe nei in rynske jefte fan in gemeentelid troch de firma Van den Berg & Wendt út it Brabânske Deest boud wurde. Op 19 augustus 1976 waard it piipoargel yn gebrûk nommen. Yn 2013 waard it oargel troch it Ljouwerter oargelbedriuw Bakker & Timmenga nei De Fontein oerbrocht.[3]

Ynearsten soe De Fontein it Flentrop-oargel út de teffens yn 2012 sletten Fenikstsjerke (Ljouwert)|Fenikstsjerke oernimme, mar it die bliken dat de klank en grutte fan dat oargel net sa goed paste yn de nije tsjerke.[4]

Ofbylden

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Keppeling om utens

Disposysje oargel


Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!