De Waalske Tsjerke yn Ljouwert is it tsjerkegebou fan 'e remonstrantske gemeente. Oarspronklik is it yn yn 1530 ynwijde kapel fan it Katarinakleaster.
Skiednis
De Waalske Tsjerke waard as kapel fan it Katarinakleaster (ek: Dominikanessen- of Wite Nonnekleaster) boud,[1] dat yn 1507 stifte wie en mei de reformaasje yn 1580 hinne ûnteigene waard. De kapel kaam nei it opheffen fan it kleaster leech te stean, mar se hold altiten in tsjerklike funksje en waard sûnt 1659 de tsjerke fan Frânsksprekkende protestanten, dy't yn 'e tiid fan 'e Nassaus nei Ljouwert kamen. Dat bleau de tsjerke oant 1888, mar ek neitiid hold de tsjerke de namme "Waalske Tsjerke".[2][3]It koer fan 'e tsjerke waard yn 1839 ôfbrutsen.[4]
Boppe de tagong is in gevelstien fan in iepen Bibel oanbrocht mei de Frânsktalige tekst Venez, et montons à la montagne de l'Eternel, A la maison du Dieu de Jacob Ésaïe 2:3 (oersetting: Lit ús de berch fan de Ivige opgean, nei it hûs fan de God fan Jakob (Jesaja 2:3).