Brâningspylders wurde foarme troch in proses fan eroazje, wêrby't wyn en wetter oer in perioade fan miljoenen jierren de sêftere dielen fan in seeklif it earst fuortslite, sadat de hurdere dielen los fan it klif komme te stean. Uteinlings sil troch de oanhâldende eroazje ek de brâningspylder sels fuortsliten wurde. By dat proses wurdt er faak oan 'e basis of yn 'e midden it earst ôfsliten, sadat er lang om let ynstoart en de boppeste ein as pún yn see komt te lizzen.