Kiewiet waard berne yn Amsterdam, mar groeide op yn Ljouwert. Nei de hbs folge hy in technyske oplieding oan de hts. Pas nei syn fjirtichste folge hy yn de jûnsoeren in teken- en byldhouoplieding en waard hy keunstner fan berop. Oant 1976 joech Kiewiet noch les yn Amsterdam, yn dat jier ferhuze hy nei Drinte. Yn in soad plakken yn Drinte steane brûnzen bylden fan him, dy't faak te krijen hawwe mei it libben fan aldendei, lykas de Brêgeôfdraaister yn Annerveenschekanaal, de Boer mei molkbussen yn Nijeveen en de Grûnwurker yn Linde.
By gelegenheid fan de grutte ferbouwing fan it Drintsk Museum yn Assen yn 1984 wode de 'Stichting Vrienden van het Provinciaal Museum van Drenthe' in keunstwurk oanbiede. Ut in trijietal Drintske byldhouwers waard it ûntwerp Museumbesikers fan Kiewiet keazen. It byld, oarspronklik mei trije minskfigueren, krige in plak op it Jacob Cramerplein njonken it museum. De ôfbylde man mei burdsje soe Kiewiet sels wêze.