Yn de folksmûle wurdt ek wol oer Westerbork sprutsen as it eardere kamp Westerbork bedoeld wurdt. Kamp Westerbork waard yn de Twadde Wrâldoarloch brûkt om Joaden, Roma en fersetsminsken te deportearen. It kamp leit lykwols tichterby Hooghalen as by Westerbork.
Nei de Twadde Wrâldoarloch waarden yn it kamp eks-KNIL-militêren ûnderbrocht. It kamp waard doe omneamd ta wenoarde Schattenberg. Ein jierren '70 is dat kamp sloopt en waard tichtby de lokaasje in oarlochsmonumint ynrjochte.