Bernardus Gerbrandi Furmerius (Ljouwert, 12 oktober 1542 - dêre, 6 augustus 1616) wie in histoarikus.
Hy wie in learling fan Suffridus Petrus oan de Latynske skoalle yn Ljouwert; studearre ûnder oaren yn Bazel, en waard yn 1597 Suffridus syn opfolger as lânshistoarjeskriuwer. Hy ferdigene him tsjin Ubbo Emmius, mar wie gjin neifolger sûnder krityk fan him.
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Furmerius, Bernardus Gerbrandi.