Berkelland is in gemeente yn it easten fan de Nederlânske provinsje Gelderlân yn de krite Achterhoeke tsjin de grinzen fan Oerisel en Dútsklân oan. De gemeente hat 43.918 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) op in oerflak fan 260,21 km². De gemeente is neamd nei de rivier de Berkel.
De gemeente ûntstie op 1 jannewaris 2005 nei in fúzje fan de gemeenten Borculo, Eibergen, Neede en Ruurlo. It haadplak fan de gemeente is Borculo.
Plakken
De gemeente bestiet út 11 offisjele kearnen:
Oare kearnen en buorskippen binne: Avest, Brammelerbroek, Brinkmanshoek, Broeke, De Bruil, Dijkhoek, De Haar, Heure, Heurne (foar in part), Holterhoek, Hoonte, De Horst, Hupsel, Kisveld, Kulsdom, Leo-Stichting, Lintvelde, Lochuizen, Loo, Mallem, Nederbiel, Noordijkerveld, Olden Eibergen, Oosterveld, Overbiel, Respelhoek, Ruwenhof, Schependom, Spilbroek, Veldhoek (foar in part), Waterhoek en Zwilbroek.
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|