Baraga waard yn 1843 stifte doe't de misjonarisFrederic Baraga op dit plak in missypost begûn. Yn 1869 krige de delsetting syn eigen postkantoar, doedestiden in teken fan erkenning fan hegerhân. De namme fan it doarp wie doe noch Bristol; op 11 maaie1870 waard de namme formeel feroare yn Baraga.
Demografy
Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Baraga yn 2012 in befolking fan 2.027 minsken. De befolkingstichtens bedroech 373,9 minsken de km². Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Baraga 10,0% âlder as 65 jier en 15,8% jonger as 18 jier. Fierders bestie 41,2% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst yn 2000 15,6% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe, ynkl. 20,1% fan 'e lju yn 'e leeftydskategory fan boppe de 65 jier.