Yn 1999 útroppen ta Frysk Sporter fan de 20ste iuw
wichtige prestaasjes
yn 1970 in wrâldrekôr op de 1500 meter: 2.17,2
Atje Keulen-Deelstra (Grou, 31 desimber1938 - Ljouwert, 22 febrewaris2013), ek wol Us Atsje neamd, is ien fan de ferneamdste Fryske reedrydsters. Se troude mei de Jirnsummer boer Jelle Keulen. Se krigen trije bern wêrfan't de jongste, Boukje ek yn wedstrydferbân reedriden hat, mar dêryn minder suksesfol wie as har mem. Fan de beide soannen Kees en Goos helle dy lêste in beskieden sukses as keatser troch yn 1983 mei syn maten foar Jirnsum in 4e priis op de Freulepartij yn Wommels te winnen.
Yn it begjin fan de santiger jierren fan de 20e iuw helle Atsje har grutte suksessen.
Se soe 4 kear Wrâldkampioene en 3 kear nûmer ien op in Europeesk kampioenskip wurde. Dêrneist waard se ferskate kearen Nederlânsk kampioene en wie se in betûft koartebaanrydster, sa waard hja op har 16e famkeskampioene fan Fryslân. Op de Olympyske Winterspullen 1972 yn Sapporo wûn Keulen-Deelstra in sulveren en twa brûnzen medaljes. Keulen-Deelstra waard yn 1970 ferkeazen ta Sportfrou fan it jier.
Yn 1997 ried hja inkele wiken nei't hja ferwûne rekke wie by in ferkearsûngemak noch de Alvestêdetocht.