Theo Koomen
|
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
|
|
Theo Koomen (1960)
|
persoanlike bysûnderheden
|
echte namme |
Theodorus Wilhelmus Koomen
|
nasjonaliteit |
Nederlânsk
|
berne |
20 maaie 1929
|
berteplak |
Wervershoof
|
stoarn |
5 april 1984
|
stjerplak |
Schermerhorn
|
wurkpaad
|
wurksum as |
sportferslachjouwer
|
medium |
Radio, Telefyzje
|
wurksum by |
KRO, AVRO, TROS, NOS
|
bekend fan |
Omgong fan Frankryk
|
Theodorus Wilhelmus Koomen (Wervershoof, 20 maaie 1929 – Schermerhorn, 5 april 1984) wie in Nederlânsk sportferslachjouwer.
Koomen fersloech ferskillende sporten, mar foaral hurdfytsen, hurdride op de reed en fuotbal. Fral syn ferslaggen fan de Omgong fan Frankryk waarden suver legindarysk troch Koomen's útskroevenheid. It makke him ta de meast populêre ferslachjouwer fan syn tiid.
Koomen hie lykwols ek in krityske kant. Hy wie ien fan de earsten dy't in boek skreau oer doping yn de sport: "25 jaar doping" (1974). At de tastân der neffens wie koe er ek tige dimmen ferslach dwaan, sa as by de gizeling fan Israelyske atleten by de Olympyske Spullen fan München yn 1972.
Neist it radiowurk skreau Koomen in soad, fral kollums oer sport en oer West-Fryslân dêr't er in protte fan hâlde. It boek God bewaar me (1975) giet oer Koomen's muoisume ferhâlding mei de Katolike Tsjerke.
Op 4 april 1984 fersloech Theo Koomen yn Ynskedee de wedstriid FC Twente-MVV. Yn de nachtlike rit nei hûs ta krige er in botsing mei in tsjinlizzer. Koomen staor op it plak sels.
Keppelings om utens