De Amerikaanske wangpûdiikhoarntsjes of Amerikaanske wangpûdiikhoarntsjes (wittenskiplike namme: Neotamias) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de ûnderfamylje fan 'e grûniikhoarntsjes en Afrikaanske beamiikhoarntsjes (Xerinae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Marmotini), de ûndertûke fan 'e wangpûdiikhoarntsjes (Tamiina) en it lyknammige boppeskaai fan 'e wangpûdiikhoarntsjes (Tamias). Ta dit skaai hearre 23 soarten wangpûdiikhoarntsjes út Noard-Amearika. Foarhinne waard dizze groep as in ûnderskaai fan 'e wangpûdiikhoarntsjes beskôge, mar by in resinte reorganisaasje hat er erkenning as in selsstannich skaai krigen.
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.