Alexandre Dumas (Frânske útspr.: /a.lɛk.sɑ̃dʁ dy.ma̩/), berne as Alexandre Davy de la Pailleterie en ek wol Alexandre Dumas de Aldere (of op syn Frânsk: Alexandre Dumas, père) neamd (Villers-Cotterêts, 24 july1802 – by Dieppe, 5 desimber1870), wie in Frânskskriuwer, toanielskriuwer en essayist. Hy is it bekendst wurden is troch syn aventoerlike histoaryske romans, dy't yn hast hûndert talen oerset binne en him ta ien fan 'e meast lêzen Frânske skriuwers út 'e skiednis makke hawwe. Ta syn oeuvre, dat likernôch 100.000 siden beslacht, hearre ferneamde titels, lykas Les Trois Mousquetaires ("De Trije Musketiers"), Le Comte de Monte-Cristo ("De Greve fan Monte-Cristo") en Le Vicomte de Bragelonne ("De Boarchgreve fan Bragelonne"), wêrfan't fral it lêste trêdepart as Hollywood-film popularisearre is ûnder de titel The Man in the Iron Mask. Der binne fan Dumas syn boeken yn 'e tweintichste iuw allinnich al hast 200 ferfilmings makke.
Libben
Jonkheid
Alexandre Dumas syn heit wie Thomas-Alexandre Davy de la Pailleterie, dy't berne wie yn 'e Frânske koloanje Sint-Dominikus (Saint-Domingue), it lettere Haïty, út in bûtenechtlike relaasje tusken in Frânsk ealman en in swarte slavinne, en dy't as generaal ûnder Napoleon yn Itaalje en Egypte tsjinne. Nei't er lykwols yn 1806 oan kanker kommen wie te ferstjerren, hie syn widdo, Marie-Louise Élisabeth Labouret, in herbergiersdochter, der klauwen oan om har soan allinne grut te bringen. Sadwaande krige Dumas net folle ûnderwiis, mar dochs learde er lêzen en neitiid ferslynde er alle boeken dy't er mar te pakken krije koe. Hy waard nei alle gedachten bot beynfloede troch syn memme ferhalen oer de heldedieden dy't syn heit op it slachfjild út 'e wei set hie.
Karriêre as skriuwer
Yn 1822 ferfear Dumas nei de Frânske haadstêd Parys, dêr't er, stypjend op syn heite militêre reputaasje en de aristokratyske rang fan syn famylje, in baan wist te bemachtigjen yn it Palais-Royal, as ûnderdiel fan 'e stêf fan Loadewyk-Filips, de hartoch fan Orléâns. Yn dyselde snuorje naam er de namme Dumas, de efternamme fan syn beppe de slavinne, oan en sette er útein mei skriuwen. In pear fan syn earste wurken, de toanielstikkenHenri III et Sa Cour en Christine hied er grut súkses mei, en de ynkomsten dy't er dêrút krige, stelden him by steat en meitsje fan skriuwen syn berop. Nei noch ferskate toanielstikken skreaun te hawwen, gied er oer op it skriuwen fan histoaryske romans.
Dêrby line er swier op beskate meiwurkers, lykas Auguste Maquet, dy't bgl. de plot fan Le Comte de Monte-Cristo betocht en wichtige bydragen levere oan Les Trois Mousquetaires en de ferfolgen dêrop. Yn Le Maître d'Armes ("De Skermmaster") wurke Dumas gear mei syn eigen skermmaster Augustin Grisier; de roman is skreaun as Grisier syn ferslach oer hoe't hy behelle rekke yn 'e Desimbristenopstân, yn Ruslân, yn 1825. (Dy roman waard trouwens yn Ruslân ferbean, en Dumas sels wie dêr persona non grata oant de dea fan tsaarNikolaas I.)
Njonken toanielstikken en romans skreau Dumas ek in protte reisferhalen, nei oanlieding fan reizen dy't er makke út nocht, mar ek út klearbare needsaak. Fierdersoan ferskynde der ek in grut ferskaat oan artikels yn tydskriften fan syn hân. Yn totaal besloech al syn wurk mei-inoar om 'e 100.000 siden hinne. Dumas syn lêste roman, Le Chevalier de Sainte-Hermine ("De Ridder fan Sint-Hermine"), dy't troch syn dea, yn desimber 1870, ûnôf bleau, waard yn 2005 ôfmakke troch Dumas-kenner Claude Schopp en doe publisearre, wêrnei't it daliks in bestseller waard.
Maatskiplike belutsenens
Yn 1830 wie Dumas belutsen by de Julyrevolúsje, wêrby't Karel X ôfset waard en syn eardere wurkjouwer Loadewyk-Filips, de "Boarger-Kening", op 'e Frânske troan kaam. Nei't dyselde yn 1848 ek ôfset wie, waard Frankryk wer in republyk, mei Louis-Napoléon Bonaparte as keazen presidint. Bonaparte hie it alhiel net op Dumas stean, dat de skriuwer moast yn 1851 nei Belgje útwike, dêr't er him nei wenjen sette yn Brussel. Yn 1859 gied er nei Ruslân, dêr't er twa jier tahold, en doe ferfear er nei Itaalje, dat yn maart 1861 krekt ûntstien wie troch de ienwurding fan in stikmannich lytsere steaten. De trije jierren dêrnei wie Dumas tige behelle yn it Italjaanske unifikaasjeproses. Sa rjochte er û.m. de krante Indipendente op, dy't er sels in hoart late. Yn 1864 kearde er werom nei Parys.
Priveelibben
Dumas syn romans wiene withoe populêr, net allinnich yn Frankryk, mar ek yn it bûtenlân, en se brochten him in grou stik jild op. Spitigernôch hied er in gat yn 'e hân, dat alles dat binnenkaam, joech er like hurd wer út, benammentlik oan froulju en it goede libben. Syn flecht nei Belgje, yn 1851, waard sadwaande likefolle ynjûn troch syn minne relaasje mei de machthawwers fan 'e Frânske republyk, as syn winsk om oan syn skuldeaskers te ûntsnappen. Dumas troude op 1 febrewaris1840 mei de aktrise Ida Ferrier (berne as Marguerite-Joséphine Ferrand; 1811-1859), mar dêrnjonken hied er frijaazjes mei teminsten 40 mêtresses. Dêrûnder wie ek (yn 1866) de yn dy tiid ferneamde Amerikaanske aktrise Adah Isaacs Menken, dy't mear as tritich jier mei him skeelde.
Dumas hie fjouwer oerwûne bern dy't as sadanich erkend wiene:
Alexandre Dumas de Jongere (1824-1895), de soan fan 'e frouljusskroar Marie-Laure-Catherine Labay, dy't sels krektlyk in súksesfol skriuwer en toanielskriuwer waard.
Marie-Alexandrine Dumas (1831-1878), de dochter fan Belle Krelsamer.
Micaëlla-Clélie-Josepha-Élisabeth Cordier (b. 1860), de dochter fan Emélie Cordier.
Henry Bauer, waans memme namme net oerlevere is.
Tweintichste-iuwske wittenskippers hawwe trouwens ûntdutsen dat Dumas teminsten noch trije oare oerwûne bern oanset hat.
Nettsjinsteande Dumas syn aristokratysk komôf en syn persoanlik súkses hied er dochs syn libben lang te krijen mei diskriminaasje fanwegen syn swarte foarâlden. Yn 1843 skreau er de koarte roman Georges, wêryn't er guon fan 'e swierrichheden op it mêd fan 'e omgong tusken de ûnderskate rassen en de gefolgen fan it kolonialisme op 't aljemint brocht. Dumas syn beskie foar in man dy't him misledige oer syn rasiaal komôf, waard wiidferneamd: "Us heit wie in mulat, ús pake wie in neger en ús oerpake in aap. Sa sjogge je mar wer, menhear, myn famylje is begûn wêr't jowes einige is."
Wurk
Toaniel
1825: La Chasse et l'Amour
1826: La Noce et l'Enterrement
1829: Henri III et Sa Cour
1830: Christine, ou Stockholm, Fontainebleau et Rome
1831: Napoléon Bonaparte, ou Trente Ans de l'Histoire de France
1831: Antony
1831: Charles VII chez Ses Grands Vassaux
1831: Teresa
1832: La Tour de Nesle
1836: Kean
1837: Caligula
1837: Mademoiselle de Belle-Isle
1839: L'Alchimiste
1843: Les Demoiselles de Saint-Cyr
1843: Louise Bernard
1844: Le Laird de Dumbiky
1848: Catilina
1848: Hamlet, prince de Danemark
1850: La Chasse au Chastre
1854: Le Marbrier
1854: La Conscience
1854: La Jeunesse de Louis XIV
1856: La Tour Saint-Jacques
1856: Le Fils de la nuit ou Le Pirate
1857: L'Invitation à la Valse
1860; L'Envers d'une Conspiration
Romans
1835: Souvenirs d'Anthony
1835: Chroniques de France : Isabel de Bavière
1838: La Salle d'Armes / Pauline (roman)
1838: Leo Burckart
1838: Le Capitaine Paul
1839: Le Capitaine Pamphile
1839: La Comtesse de Salisbury
1839: Acté
1840: Napoléon
1840: Othon, l'Archer
1840: Les Stuarts
1840: Maître Adam le Calabrais
1840-1841: Le Maître d'Armes
1841: Praxède
1841: Aventures de Lydéric, Grand-Forestier de Flandre
1841: Un mariage sous Louis XV
1842: Jeanne la Pucelle (1429-1431)
1842: Halifax
1842: Le Chevalier d'Harmental
1843: Filles, Lorettes et Courtisanes
1843: Georges
1843: Ascanio, ou l'Orfèvre du Roi
1843: Amaury
1844: Sylvandire
1844: Fernande
1844-1848: de D'Artagnan-romans (in fjirde diel, Le Fils de Porthos, "De Soan fan Porthos", út 1883, waard útjûn ûnder Dumas syn namme, mar de wiere skriuwer wie Paul Mahalin)
1848: Le Vicomte de Bragelonne, ou Dix Ans Plus Tard ("De Boarchgreve fan Bragelonne, of Tsien Jier Letter"; yn 'e Ingelske oersetting waard dit boek útjûn yn 3 dielen: The Vicomte de Bragelonne, Louise de la Valliere en The Man in the Iron Mask)
1844: Albine, ou Le Château d'Eppstein
1844: Cécile, ou La Robe de Noces
1844: Gabriel Lambert,
1844: Louis XIV et Son Siècle
1844: Contes
1845: La Guerre des Femmes
1845-1846: Le Comte de Monte-Cristo ("De Greve fan Monte-Cristo")
1845: Une Fille du Fégent
1845-1847: de Valois-romans
1845: La Reine Margot
1846: La Dame de Monsoreau
1847: Les Quarante-Cinq
1845: Les Médicis
1845: Les Frères Corses
1846: Le Bâtard de Mauléon
1846-: de Marie Antoinette-romans
1845-1846: Le Chevalier de Maison-Rouge
1846: Joseph Balsamo
1849: Le Collier de la Reine
1851: Ange Pitou
1853: La Comtesse de Charny
1846: Les Deux Dianes
1849: Les Mille et Un Fantômes
1850: La Femme au Collier de Velours
1850: La Tulipe Noire
1850: Le Trou de l'Enfer
1850: La Colombe
1850: Montevideo, ou Une Nouvelle Troie
1851: Le Drame de Quatre-vingt-treize
1851: Olympe de Clèves
1852: Conscience l'innocent
1852: Un Gil Blas en Californie
1852: Histoire de la Vie Politique et Privée de Louis-Philippe
1852-1856: La Maison de Savoie, depuis 1555 jusqu'à 1850 (yn 4 dielen)
1852: Emmanuel Philibert
1853: Léone-Léona
1855: Mémoires de Jeanne d'Albert de Luynes, Comtesse de Verrue, Surnommée la Dame de Volupté
1856: De Victor Amédée III à Charles Albert
1853: Le Pasteur d'Ashbourne
1853: Isaac Laquedem
1853: Les Drames de la Mer
1853: Ingénue
1854: La Jeunesse de Pierrot
1854: Une Vie d'Artiste
1854: Catherine Blum
1854: Saphir
1854: Vie et Aventures de la Princesse de Monaco
1854: Le Capitaine Richard
1854-1855: Les Mohicans de Paris
1855: La Dernière Année de Marie Dorval
1855: Le Gentilhomme de la Montagne (El Salteador)
1855: Le Page du Duc de Savoie
1856: Mémoires d'une Aveugle, ou Madame du Deffand
1857-: de Sainte-Hermine-trilogy
1856: Les Compagnons de Jéhu
1867: Les Blancs et les Bleus
1869 Le Chevalier de Sainte-Hermine (ûnôf en lange tiid wei; yn 1990 weromfûn yn 'e Bibliothèque Nationale de la France troch de Kanadeeske taalhistoarikus Claude Schopp, dy't op grûn fan byhearrende oantekenings fan Dumas twa en in heal haadstik skreau om it te foltôgjen; waard yn 2005 yn ôfmakke foarm útjûn)
1856: Un Cadet de Famille, ou Mémoires d'un Jeune Cadet
1857: L'Homme aux Contes
1857: Charles le Téméraire
1857: Le Meneur de Loups
1857: La Dame de Volupté, ou Mémoires de Jeanne d'Albert de Luynes, Comtesse de Verrue
1858: Les Louves de Machecoul
1858: Black
1859: Jane
1859: L'Île de Feu
1859: Le Fils du Forçat, ou Monsieur Coumbes, ou Histoire d'un Cabanon et d'un Chalet
1860: La Maison de Glace
1860: La Route de Varennes
1860: Mémoires de Garibaldi
1860: Une Aventure d'Amour
1860: Le Père La Ruine
1860: La Marquise d'Escoman
1861: Une nuit à Florence sous Alexandre de Médicis,
1861: Les Morts Vont Vite
1861: L'Assassinat de la Rue Saint-Roch
1862: Ali Pacha
1863: La Princesse Flora
1863: La San Felice
1863: La Boule de Neige
1863: La Dame de Volupté, ou Mémoires de Jeanne d'Albert de Luynes
1863: Création et Rédemption
1863: La Fille du Marquis
1863: Le Prince des Voleurs
1863: Robin Hood le Proscrit
1863: L'Île de Feu
1864: Pietro Monaco sua Moglie Maria Oliverio e i Loro Complici (yn it Italjaansk)
1864: Les Deux Reines
1865: Lady Hamilton
1865: Le Fils du Forçat
1865: Le Comte de Moret
1867: Les Hommes de Fer
1867: Parisiens et Provinciaux
1868: La Terreur Prussienne, Souvenirs Dramatiques
1872: Création et Rédemption: Le Docteur Mystérieux / La Fille du Marquis
1872-1873: Le Prince des Voleurs / Robin Hood le Proscrit
1873: Grand Dictionnaire de Cuisine (in itensiedersboek mei mear as 3000 resepten)
Foutyf oan Dumas taskreaun
1883: Le Roman de Violette (in eroatyske roman, dy't lang taskreaun is oan Dumas, mar dy't eins, sa hat letter bliken dien, skreaun is troch H. markys de Mannoury d'Ectot.)