Leo sprekt dy jûns mei Emily ôf yn in djoer restaurant om har wat wichtichs te fertellen. Emily giet dêr senuweftich hinne om't se gjin idee hat wat er sizze wol: miskien dat er har wol in houliksoansiik dwaan wol of miskien wol er it wol mei har útmeitsje. As se ienris yn it restaurant arrivearre is, komt lang om let it hege wurd der út: Leo hat har net alles oer himsels ferteld en moat no mei 't wetter foar de dokter. Hy fertelt har dat er in prins is, de soan en erfgenamt fan in keninginne. Emily mient earst dat er in grapke makket, mar Leo hâldt fol dat it de wierheid is. Syn famylje regearret al njoggenhûndert jier oer 'Kordynje', in "lyts mar soeverein lân besuden Frankryk". (In fiktyf steatsje, dúdlik loskes basearre op Monako, mar mei in namme dy't gearstald is út 'e nammen fan 'e eilannen Korsika en Sardynje.)
Leo leit út dat er in ôfspraak mei syn mem hie dat er op eigen manneboet nei de Feriene Steaten ta mocht te studearjen, salang't er mar folslein ynkognito bleau. Dêrom hat er Emily der earder neat oer ferteld. Foar Emily is it nijs wol in skok, mar se ferjout Leo syn bedragerij. Hy nûget har út om mei him nei Kordynje te gean om 'e kryst mei syn famylje te fieren en sy nimt dat oanbod oan. Se nimme ôfskie fan har heit en Toni en reizgje nei Jeropa. Oankommen yn Leo syn âldershûs, in paleis yn 'e Toskaanske styl mei fjouwer fleugels, 118 keamers en in stêf 75 man tsjinstfolk, docht bliken dat Leo syn mem, keninginne Isidora, alhiel net sit te wachtsjen op in Amerikaanske skoandochter fan sljochtwei komôf. Sy hat foar de kryst in âlde flam fan Leo útnûge, Natasha hartoginne fan Warren, dy't neffens har folle better by him past.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Yn it swide fermidden fan it paleis, dêr't Leo net Leo, mar prins Leopold is, fielt Emily har as in kat yn in frjemd pakhûs. Se ken de manearen fan 'e sosjalehegerein net en keninginne Isidora docht war om, sûnder alhiel har fatsoen te ferliezen, Emily dochs sa ûnwolkom mooglik fiele te litten. Emily fielt har folle nofliker yn it bywêzen fan it tsjinstfolk en slút fuortendaliks freonskip mei it tsjinstfamke Olivia en letter ek mei de tsjinstfeint Will. By in útstapke mei Leo om 'e stêd te ferkennen komt Emily yn 'e kunde mei it weesfamke Poppy, dat ûnder tafersjoch fan 'e non suster Agatha krystbeammen ferkeapet om jild yn te sammeljen foar it pleatslike weeshûs. Poppy fertelt dat se hopet gau adoptearre te wurden troch nije âlden. Emily fielt in bân mei it famke om't se sels ek sûnder mem opgroeid is en jout har de freonskipsearmbân dy't se jierren earder fan Toni krigen hat. Leo, dy't mei pet en sinnebril op besiket om ynkognito te bliuwen, mar troch Poppy daliks en sûnder swierrichheden werkend wurdt, keapet alle krystbeammen fan it weeshûs en jout se daliks werom om útdield te wurden oan húshâldings dy't it net sa rom hawwe.
Dy jûns, by in formeel diner, wurdt Emily troch keninginne Isidora sa fier by Leo wei oan 'e tafel pleatst as mar mooglik is. Wylst Leo tusken de keninginne en Natasha yn sit, wurdt Emily omjûn troch wyldfrjemden. Olivia helpt har om út te finen hokker taffelsreau se foar hokker gerjocht brûke moat, mar Emily set harsels by fersin dochs foar gek troch út 'e kom te drinken dêr't men jins fingers yn heart te dippen om se te himmeljen. Dêrnei begiet se in sosjale flater troch de baronesse fan Newbury, dy't njonken har sit, nei har bern te freegjen wylst rûnom bekend is dat hja nettsjinsteande in fûleindige bernewinsk gjin bern krije kin.
De oare deis siket de baronesse fan Newbury Emily op om it ynsidint út te praten. Se wol dat Emily har by har foarnamme Galina neamt en seit dat Emily harsels neat neinimme moat om't se net witte koe dat bern foar har in gefoelich ûnderwerp binne. De beide froulju foarmje in bân as bliken docht dat Galina ek mar fan sljochtwei komôf is en jierren lyn fierhinne itselde trochmakke hat as Emily no. Se geane tegearre de stêd yn om te winkeljen, dêr't se Poppy wer treffe. Sûnder euvelmoed bringt Emily it weesfamke en de bernleaze ealfrouwe mei-inoar yn 'e kunde.
Op it bal, dat keninginne Isidora neffens tradysje op krystjûn organisearret, wol Emily net wer ôfgean lykas by it diner, dat se freget de help fan 'e sympatike haadbutler Victor. Dyselde ûnderhâldt in aparte relaasje mei de keninginne, mei't er it him permittearret om, wannear't se allinnich binne, sarkastysk kommentaar te jaan op har dwaan en litten. Hy bringt Emily de etikette by om har yn it heechaadlik fermidden steande te hâlden, en leart har ek om 'e wals te dûnsjen. De keninginne besiket Emily noch in lêste stôk yn 'e speaken te stekken troch har in âlde baljurk fan harsels ta te partsjen, in geskink dat Emily mei goed fatsoen net ôfwize kin. De baljurk blykt folslein efter de tiid rekke te wêzen, mar mei har kwaliteiten as skroarske makket se der yn in middei wat moais fan. Underwilens risselwearret Leo om Emily in houliksoansiik te dwaan.
Op it bal komt Emily op swide manear binnen yn har prachtige jurk, ta oerdúdlike teloarstelling fan keninginne Isidora. Natasha besiket de earste dûns mei Leo foar har noas wei te kaapjen, mar Leo hat mei in foarútsjende blik al beävensearre dat Natasha har earste dûns ferjûn is oan 'e tachtichjierrige gruthartoch fan Canterbury. De lokkigens fan Emily is lykwols fan koarte doer. Wylst Leo de twadde dûns mei Natasha dûnset, heart se de gruthartoch fan Canterbury der mei oare eallju fan swetsen dat Leo en Natasha wol foarinoar makke lykje te wêzen. Emily lûkt har werom om by tsjinstlju Olivia en Will om te hingjen. Underwilens nimt Natasha keninginne Isidora eefkes allinne en freget oft se dit wol trochsette moatte, want se hat it gefoel dat se by Leo oan in dead hynder stiet te skuorren. De keninginne hâldt lykwols hoek en trappearret Emily letter as se stiet te laitsjen mei Olivia en Will. Se ûnslacht de beide tsjinstlju om't se mar wat omlanterfantsje wylst se de gasten betsjinje moatte soene. Ek feecht se Emily de mantel út.
Emily, dy't har freeslik skuldich fielt oer it feit dat har freonen troch har dwaan no wurkleas binne, flechtet nei har keamer ta, dêr't se har koffer begjint yn te pakken. Leo spoart har einlings op om syn houliksoansiik te dwaan, mar Emily wiist him ôf. Wylst keninginne Isidora foar de yn 't kier steande keamersdoar stiet te lústerfinkjen, leit Emily oan Leo út dat se wol faninoar hâlde, mar dat se net byinoar passe. Leo biedt oan om Kordynje, syn mem en al syn ferantwurdlikheden sitte te litten om wer mei har yn Philadelphia te libjen as gewoan Emily en Leo, mar Emily wegeret dêrmei akkoart te gean. As de keninginne heart hoe ûnselssuchtich Emily har opstelt nei alle provokaasjes dy't se te ferduorjen krigen hat, ferskynt der in prakkesearjendeútdrukking op har gesicht. De oare moarns set Emily mei it earste fleantúch ôf nei Philadelphia.
Keninginne Isidora bekent oan Victor dat it wolris wêze kinne soe dat se in freeslike flater begien hat. De butler trunet har oan om dan har fout goed te meitsjen. Underwilens nimt Natasha ôfskie fan Leo, om't se wol foar it ferstân hat dat it mei har beiden gjin kant mear út kin. De keninginne ropt Leo by har en fertelt him dat se wit wat er trochmakket, om't sy itselde belibbe hat. Doe't se jong wie, rekke se smoarfereale op in jonge fan sljochtwei komôf dy't har "Izzy" neamde. Mar har âldelju stieken der in stokje foar dat sy trouwe soene. Ynstee troude Isidora mei Leo syn (no al wer jierren lyn ferstoarne) heit, dy't ek fan heechaadlik komôf wie. Hoewol't se goed koene, holden se net faninoar. No seit de keninginne dat it mar út wêze moat mei leafdeleaze houliken en dêrom jout se Leo har seine om Emily efternei te reizgjen nei de Feriene Steaten, om te sjen oft er har weromkrije kin. Nei't Leo optein ôfset is, seit Isidora tsjin Victor dat se wol dat hy har tenei wer "Izzy" neamt.
Yn Philadelphia is Emily yn har heite winkel oan it wurk as Leo dêr ynienen foar de doar stiet. Hy freget har midden op 'e strjitte fannijs om mei him te trouwen. Emily seit lykwols dat der neat feroare is en dat syn mem it nea goedkarre soe. Dêrop stapt keninginne Isidora út 'e auto dêr't Leo yn oanriden kommen is en stiet der o sa by Emily op oan om Leo tawurd te jaan. Har heit en Toni komme bûtendoar om har dêr ek ta oan te trúnjen en úteinlik lit Emily har beprate. Se keare werom nei Kordynje, dêr't Leo en Emily trouwe yn 'e kapel yn it keninklik paleis. Under de gasten binne Emily har heit, Toni en Poppy, dy't no adoptearre is troch Galina en har man. As de breid en brêgeman ta de kapel út geane en inoar bûtendoar in tút jouwe, begjint it te snijen en kriget Kordynje in wite kryst, wylst der yn gjin tritich jier ek mar in flokje snie fallen is.
Fan 'e tillefyzjekritisy krige A Royal Christmas oer it algemien positive resinsjes. Sa skreau Allison Keene yn The Hollywood Reporter dat se de cast, en yn 't bysûnder Lacey Chabert en Jane Seymour "natuerlik en sympatyk" fûn. Se gie fierder: "A Royal Christmas finket op fermaaklike wize alle hokjes ôf dy't ôffinke wurde moatte: sa is der de ferplichte montaazje fan risselwearring foar it bal, wêrby't Emily tanksij Victor leart hoe't se walse moat, en teffens in sikestûkjende binnenkomst by de treppen del. Lessen wurde leard, snie falt en leafde oerwint alles." Keene konkludearre dat de film "ien diel Jiskepûster, twa dielen The Princess Diaries, […] en in snufke 'win in reis nei Downton Abbey' is".