De ôfsette predikant fan Amsterdam, Balthasar Bekker, skriuwt it boek "De betsjoende wrâld", dêr't hy him yn ôfset tsjin it wiid fersprate leauwe yn heksen en duvels. Yn de Republyk ûntstiet in ferheftich dispút tusken foar- en tsjinstanners. Uteinlik liedt it boek ta útbanning fan de hekseferfolging.