18 septimber - In fûle ierdbeving, dy't ek field wurdt yn Amsterdam, Londen en Parys, treft de súdlike Nederlannen. It episintrum lei by de Belgyske stêd Tienen en it plakje Soiron bewesten Verviers waard sa goed as finaal fan de kaart fage. Mei in krêft fan mear as 7 is it de swierste ierdbeving dy't West-Jeropa ea kend hat. De skok wie fielber fan Normandje oant Switserlân, en fan Norfolk oant Erfurt.