Wounded Knee (útspr.: ['wu:ndɪd ni:], likernôch: "wûûn-did nii", "Ferwûne Knibbel"; Lakota: Čaŋkpé Opí; útspr.: [ʧãk'pe: o'pi:]) is in plak yn Oglala County, yn it súdwesten fan 'e AmerikaanskesteatSúd-Dakota. It leit binnen de grinzen fan it Pine Ridge Yndianereservaat (Pine Ridge Indian Reservation), fan 'e Oglala Sû Stamme (Oglala Sioux Tribe). Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 bedroech it ynwennertal fan Wounded Knee doe likernôch 380 minsken. It plakje is ferneamd nei de Wounded Knee Creek, in beek dy't troch de krite streamt.
Skiednis
Neffens de oerlevering soene de bonken en it hert fan it ferneamde Lakota-opperhaad Mâl Hynder yn 1877, nei syn dea, oan 'e Wounded Knee Creek begroeven wêze.
Yn 1890 wie Wounded Knee it toaniel fan it lêste gewelddiedige treffen fan 'e Flakte-Yndiaanske Oarloggen. Under de Lakota kaam nammentlik doedestiden de nije religy fan 'e geastedûns op, ferspraat troch de Pajût-profeetWovoka. De oanhingers dêrfan leauden dat se de tiid werom en de bizons wer ta libben dûnsje koene. It Amerikaanske regear seach it lykwols as in opstannige beweging dy't daliks de kop yndrukt wurde moast. Op 29 desimber1890, waard by Wounded Knee, yn in barren dat bekend kaam te stean as it Bloedbad fan Wounded Knee, de lêste groep fan likernôch 350 foartiid ûntwapene geastedûnsers fan 'e Minnikonzjû- en Hûnkpapa-stammen, besteande út manlju, froulju en bern, troch it Amerikaanske leger ôfslachte.
De namme Wounded knee waard by in grut publyk ferneamd troch it skiedkundige boek Bury My Heart at Wounded Knee ("Begraaf Myn Hert by Wounded Knee"), út 1970, wêryn't histoarikusDee Brown de ûndergong fan 'e Yndianen yn Noard-Amearika beskriuwt.
Sûnt de ein fan 'e jierren sechtich fan 'e tweintichste iuw fûn der ûnder de Lakota in kulturele oplibbing plak, wêrby't fral de jongere generaasjes har sterk makken foar bettere libbensomstannichheden en dêrnjonken harren boargerrjochten opeasken. Ien fan 'e meast dramatyske ynsidinten wie datoangeande de Besetting fan Wounded Knee, dat dêrfoar útkeazen wie fanwegen it bloedbad fan 1890. Sa'n twahûndert Oglala-Lakota en oare leden fan 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging (AIM) holden Wounded Knee yn 1973 fan 27 febrewaris oant 8 maaie beset, en trochstiene dêrby 71 dagen lang de belegering troch de FBI en de United States Marshals Service. Oan 'e kant fan 'e AIM foelen twa deaden en trettjin ferwûnen, wylst der oan 'e kant fan 'e oerheidstsjinsten twa lju ferwûne rekken. Fanwegen de skea dy't der by de gefjochten oan 'e gebouwen oanrjochte waard, bleau Wounded Knee hjirnei ûnbewenne oant de jierren njoggentich.
Demografy
Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 wie doe fan 'e befolking fan Wounded Knee 3,7% âlder as 65 jier en 50,6% jonger as 18 jier. Fierders bestie 1,9% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 81,1% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2000 sa: 98,8% Yndianen; 1,2% blanken.