Wim van den Heuvel en Yoka Berretty yn Literatuur fan Arthur Schnitzler (1961)
Wim van den Heuvel (Amsterdam , 20 oktober 1928 ) is in Nederlânsk akteur .
Nei de Toanielskoalle, dêr't Van den Heuvel yn 1952 eineksamen die, sleat er him oan by it toanielselskip Puck . Fiif jier letter spile er de boef Cesare Argento yn it telefyzjespul Cesare en hy waard bekend fan syn rol as plysje Douwe yn de film Fanfare , dy't fereale wie op Marije (Ineke Brinkman ).
Van den Heuvel spile fierders ûnder oare by toanielselskip Ensemble , De Nederlânske Komedy , Toanielgroep Sintrum , de Haachske Komedy en It Nasjonale Toaniel .
Wim van den Heuvel is de broer fan André van den Heuvel . Hy boaske yn 1955 mei aktrise Karin Haage en yn 1972 mei Guusje Westerman .
Rollen
Cesare - Cesare Aribaldo Argento (1958)
Fanfare - Douwe (1958)
De bloeiende perzik - Cham (1960)
Claudia en David - Tony Anton (1960)
De Huzaren - Pietro Lippi (1960)
Spooksonate - Studint (1961)
Kermis in de Regen - Hans van den Toorn (1962)
Marguerite Gautier - Gaston Rieux (1963)
Het Grote Begin - Simon Van (1963)
De man, de vrouw en de moord - Kiki (1963)
De Vlucht van de Duif - Tony Graham (1964)
Romeo & Julia - Mercutio (1964)
Ongewijde aarde (1967)
Koning Bolo - Kening Bolo (1977)
De schat - Mozes (1984)
Medisch Centrum West - Menear Klaassen (1990)
Meeuwen - Resjersjeur (1991)
Pleidooi - Plysjerjochter Kieboom (1993)
Een spoor van blauw zand (1994)
Alle kinderen de deur uit - Tobias van West (1994)
Coverstory - Karel van Tellingen (1995)
Flodder 3 - Lid komitee foar útsetting Flodders (1995)
Minoes - Menear Pastoar (2001)
Bergen Binnen - Ricardo van den Oever (2003-2004)
Gastrol