De Bie wie fral bekend as part fan it duo Van Kooten en De Bie, dat er foarme mei Kees van Kooten en wêrmei't er lange tiid programmas makke foar de VPRO-telefyzje. Se krigen kunde oan elkoar op it Dalton Lyceum yn Den Haach, dêr't sy tegearre in kabaretprogramma hiene, it kabaretensemble: Cebrah. It earste programma hjitte G.Rapsgewijs; it twadde Te hooi en te grap.
Om't sy allebeide learaar wurde woene, soene se nei harren eineksamen Nederlânsk studearje. De Bie stoppe der lykwols al gau mei. Yn 1961 gong er yn op in advertinsje fan de Nederlandse Radio Unie foar in oplieding ta radiokabaretier. Hy ferhûze fan Den Haach nei Amsterdam en gie dêr oan 't wurk by útjouwerij De Arbeiderspers om syn oplieding betelje te kinnen. Fjouwer jûnen yn de wike gie er nei Hilfertsom foar syn stúdzje en nei trije jier wie er diplomeare radiokabaretier. Noch deselde simmer (1963) waard er troch Co de Kloet frege om it radio-jongereinprogramma Multiplex te dwaan.
Tegearre mei Kees van Kooten makke er 14 kear in ''Bescheurkalender''.
De Bie wenne lange tiid yn Bussum, mar is mids 2011 nei syn berteplak De Haach ferhuze. Hy wurke oant healwei maaie 2008 fral oan syn webloch Bieslog, mar is dêr mei ophâlden om romte te meitsjen foar nije plannen.
De Bie hold sûnt 2001 in webloch by op it webstee fan de VPRO. It webloch, Bieslog neamd, bestie ûnder oaren út reaksjes op it deistich nijs en út eigen bydragen oan radioprogrammas. Op 13 maaie2008 makke De Bie (foarearst) in ein oan syn Bieslog.
Prizen
1974 Sulveren Nipkowskiif foar it Simplisties Verbond