Wim kardinaal Eijk
Biskop fan Grins-Ljouwert
Willem Jacobus (Wim) Eijk (Duivendrecht , 22 juny 1953 ) is in Nederlânsk Roomsk-katolyk geastlike. Hy wie fan 1999 oant 2008 biskop fan Grins-Ljouwert en dêrnei aartsbiskop fan Utert . Hy is sûnt 2012 ek kardinaal .
Libbensrin
Eijk waard ta pryster wijd op 1 juny 1985 troch Joannes Baptist Matthijs Gijsen , biskop fan Roermond. Hy waard 17 july 1999 ta biskop fan Bisdom Grins-Ljouwert beneamd. 6 novimber 1999 waard er ta biskop wijd troch Adrianus Johannes Simonis , aartsbiskop fan Utert, mei Franciscus Jozef Maria Wiertz , biskop fan Roermond, en Sergio Lasam Utleg , biskop fan Ilagan, as ko-konsekrators .
Op 11 desimber 2007 waard hy ta aartsbiskop fan Utert beneamd en dêr 26 jannewaris 2008 ynstallearre. 18 febrewaris 2012 waard Eijk ta kardinaal-pryster fan San Callisto beneamd en 17 maaie 2012 ynstallearre.
Konsekrator
Hy wie konsekrator fan:
Hy wie ko-konsekrator fan:
Keppelings om utens