Willem fan Moraavje, 5e greve fan Sutherland

Willem fan Moraavje,
5e greve fan Sutherland
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Skotsk
bertedatum <1314
berteplak Kastiel fan Dunrobin? (Skotlân)
stjerdatum 1370
stjerplak Kastiel fan Dunrobin? (Skotlân)
dynasty Hûs Sutherland
etnisiteit Skotsk
Flaamsk
Welsk
greve fan Sutherland
haadman fan 'e Clan Sutherland
amtsperioade 13331370
foargonger Kenneth fan Moraavje
opfolger Robert fan Moraavje

Willem fan Moraavje, 5e greve fan Sutherland (Ingelsk: William de Moravia; Kastiel fan Dunrobin? (Skotlân), foàr 1314 – dêre?, 1370) wie in Midsiuwsk Skotsk ealman fan mingd Skotsk, Flaamsk en Welsk etnysk komôf. Hy stiet ek wol bekend as Willem fan Sutherland of koartwei as Willem Sutherland. De oantsjutting 'fan Moraavje' ferwiisd nei (de latinisearre foarm) fan 'e Skotske krite Moray, en hat neat te krijen mei Moraavje yn East-Jeropa.

Libben

Willem fan Moraavje waard foàr 1314 berne as de soan fan Kenneth fan Moraavje, 4e greve fan Sutherland en wierskynlik Marije (of Marjorie) fan Mar, de widdo fan 'e yn 'e Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch troch de Ingelsen eksekutearre Skotske ealman Jan fan Strathbogie, greve fan Atholl. Hja wie de dochter fan Donald I, greve fan Mar en Helena de Jongere, in oerwûne dochter fan Llywelyn de Grutte, prins fan Wales.

Om 1333 hinne folge Willem syn heit op as greve fan Sutherland en haadman fan 'e Clan Sutherland. As sadanich betoande er him ûnder de Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch (1332-1357) in trou oanhinger fan 'e Skotske kening David II, en wist er it Kastiel fan Roxburgh op 'e Ingelsen te weroverjen. Yn 1345 troude er mei Margareta, in folle suster fan David II en in dochter fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider en kening Robert de Bruce, mar dyselde kaam al yn 1346, koart nei de berte fan in soan, yn it kreambêd te ferstjerren.

Datselde jiers noch wertroude Willem mei Jehanna, in dochter fan 'e ridder Jan fan Menteith (dy't fjirtich jier earder de Skotske frijheidsstrider William Wallace oan 'e Ingelsen útlevere hie). Yn 1360 skonk Willem oan syn jongere broer Nikolaas fan Sutherland de barony Thoroboll. Fan dy Nikolaas stamme neitiid it Sutherland-skaai fan 'e lairds fan Duffus ôf. Willem fan Moraavje stoar yn 1370 en waard opfolge troch syn twadde soan Robert fan Moraavje.

Neiteam

Willem fan Moraavje hie de folgjende bern. Ut syn houlik mei Margareta fan Bruce:

  • Jan fan Sutherland (1346-1361)

Ut syn houlik mei Jehanna fan Menteith:

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!