Willem Westra

Willem Westra
Willem Westra troch Gerhardus Jan Adema
Willem Westra troch Gerhardus Jan Adema
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 18 april 1862
berteplak Arum
stoarn 21 febrewaris 1923
stjerplak Ljouwert
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt Underwizer
aktyf as Sportbestjoerder
reden
  bekendheid
Oprjochter Nederlânske Keatsbûn

Willem Westra (Arum, 18 april 1862 - Ljouwert, 21 febrewaris 1923),[1] wie in ûnderwizer en keatsbestjoerder.

Biografy

Westra waard yn 1862 yn Arum berne as soan fan Sikke Riemers Westra en Aafke Willems Jagersma. Hy waard ûnderwizer yn Frjentsjer. Hy wie foarsitter fan de yn 1893 oprjochte Frjentsjerter keatsferiening Jan Bogtstra. Op 7 juny 1897 rjochte er it Nederlânske Keatsbûn op. Hy wie de earste foarsitter fan it bûn, in funksje dy't er yn goed 25 jier ferfolle oant syn ferstjerren yn 1923.

De Westrabank yn Frjentsjer (2019)

Yn 1923 waard yn syn berteplak Arum de pleatslik keatsferiening nei him neamd, de KV Willem Westra. Yn 1937 waard - by gelegenheid fan it 40 - jierrich jubileum fan it Nederlands Kaatsbond - ta eare fan him op it bolwurk yn Frjentsjer in monumint ûntbleate. It monumint bestiet út in stiennen bank mei yn it midden in fontein en in plakette mei syn ôfbylding. By de ûntbleating wiene Schimmelpenninck van der Oye en Karel Lotsy út namme fan it NOC oanwêzich.[2]By it 40 - jierrich jubileum ferskynde yn it Nieuwsblad van Friesland in searje artikels, dêr't ûnder oare de rol fan Westra wiidweidich yn beskreaun waard. [3]

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
>
  1. Berte- en stjerdata fan Willem Westra
  2. "Kaatsen" yn de Provinciale Drentsche en Asser Courant d.d. 22 maaie 1937
  3. Nieuwsblad van Friesland, april/maaie 1937

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!