Willem Ruis
|
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
|
|
Willem Ruis (1977)
|
persoanlike bysûnderheden
|
echte namme |
Klaas Willem Ruis
|
nasjonaliteit |
Nederlânsk
|
berne |
29 maart 1945
|
berteplak |
Haarlim
|
stoarn |
4 augustus 1986
|
stjerplak |
Dénia
|
wurkpaad
|
wurksum as |
Presintator
|
medium |
Radio, Telefyzje
|
wurksum by |
KRO NOS, VARA
|
bekend fan |
Willem Ruis Show, Vijf tegen vijf, Sterrenshow
|
jierren aktyf |
1970-1986
|
Klaas Willem Ruis (Haarlim, 29 maart 1945 – Dénia, 4 augustus 1986) wie in Nederlânsk telefyzjepresintator. Hy presintearre ûnder oare de Willem Ruis Show foar de KRO en De Willem Ruis Show, 5 tegen 5 en de Sterrenshow by de VARA.
Karriêre
Yn 1967 kaam er yn tsjinst fan de KLM. Op lokaasjes makke er mei in bânrecorder reportaazjes. Troch him foar te dwaan as ferslachjouwer fan de Nederlânske radio slagge it Ruis en yntervieuw ferneamde stjerren as Liza Minnelli en Danny Kaye. Inkelde fan syn reportaazjes waarden letter troch de KRO en de VARA útstjoerd. Yn 1970 ferliet Ruis de KLM om foar de VARA-radio oan it wurk te gean. Al gau waard hy meipresintator fan it sportprogramma Langs de Lijn fan de NOS, tegearre mei Koos Postema. Syn telefyzjekarriêre begûn yn 1976 by de KRO mei de Willem Ruis Show. Yn 1981 waard Ruis foar 300.000 gûne oernaam troch de VARA. Dat foar dy tiid ferskuorrend hege bedrach late ta Keamerfragen fan CDA Twadde Keamerlid Steef Weijers. By de VARA soe Ruis De Willem Ruis Show en letter de Sterrenshow presintearje: grut opsette shows mei showballetten, harmonykselskippen, orkesten, sjongkoaren, ynternasjonale stjerren, in hiel soad figuranten en geregeld wikseljende dekôrs. Dêrneist presintearre er noch de famyljekwis Vijf tegen vijf. Yn 1982 spile Ruis yn de spylfilm Het beest, in film dy't, nettsjinsteande de grutte ferwachtings, flopte. Yn 1983 presintearre Willem Ruis Kinderen voor Kinderen 4, Yn 1984 presintearre er opnij Kinderen voor Kinderen 5. Yn 1984 waard de Willem Ruis Show beëinige en kaam de VARA mei it idee om mei in grutte tinte troch Nederlân te reizgjen en streekrjocht, alle wiken fan in oare lokaasje yn Nederlân ôf, in grutte show út te stjoeren: de Sterrenshow. Ruis seach der ynearsten neat yn, mar liet him ferliede troch it grutte dekôr en de mooglikheden dy 't sa'n tinte bea. Op 29 desimber 1984 waard de earste Sterrenshow útstjoerd; it programma waard in grut sukses.
Priveelibben
Willem Ruis wie de soan fan Nicolaas Verdel en Reinoutje Ruis. Syn âlden wiene net boaske. Hy krige de efternamme fan syn mem, om't Verdel syn soan net erkenne woe. Op syn oplieding by de KLM moete hy stewardess Ineke Mulder, mei wa 't er in relaasje krige. Op 14 augustus 1970 boasken hja. Se krigen twa dochters en in soan. Syn houlik rûn yn 1982 op 'e non. Syn frou krige in relaasje mei syn regisseur Rinus Spoor. Ruis stoarte yn, mar krige stipe fan syn dochters dy't by him ynlutsen. Ruis syn sûnens liet nei 1982 te winskjen oer. De jierren hiene swier west fanwegen syn skieding, it ferstjerren fan syn mem en de problemen yn it twadde seizoen fan de Sterrenshow. Ruis smookte in soad, sliepte amper en libbe net sûn. Ek it oermjittich brûken fan alkohol en kokaïne soe hjiroan bydroegen hawwe. Flak foar syn fakânsje naam er yn juny 1986 noch tweintich ôfleveringen fan Vijf tegen Vijf op, dy't yn de simmermoannen fan 1986 útstjoerd waarden. Yn dy fakânsje ferstoar Ruis yn syn appartemint yn Dénia yn 'e âldens fan 41 jier oan in hertoanfal.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|