Willem Pot

Willem Pot (Wâldsein, 29 oktober 1888Ljouwert, 4 jannewaris 1963) wie in fabrikant en yn de Twadde Wrâldoarloch boargemaster fan Muntendam.

Biografy

Willem Pot waard berne yn Wâldsein (gem. Wymbritseradiel) as soan fan keapman Abel Pot en Geertje Nijdam. Hy wie yn 1910 yn Snits troud mei Trijntje Visser, dochter fan Douwe Visser en Elisabeth Wijnstra.

Pot moast him foar it Bysûndere Gerjochtshof ferantwurdzje fanwegen lidmaatskip fan sân nasjonaalsosjalistyske organisaasjes. Fierder sollisitearre er nei it amt fan boargemaster fan Sutfen, dêr't er lykwols net foar yn 'e beneaming kaam. Hy ûntkende in list gearstald te hawwen fan persoanen dy't foar gizeling yn oanmerking kamen. It die lykwols bliken dat alle NSB-boargemasters sa'n list opmakke hawwe. Hy kaam yn 1941 by de NSB omdat er him miskend fielde. Hy waard yn septimber 1942 beneamd ta boargemaster. By syn ynstallaasje liet Pot him kenne as in oertsjûge nasjonaalsosjalist.

Pot wie de earste boargemaster dy't troch de 'ûndergrûnse' finzen makke waard. Mei Mâle Tiisdei sloech him de skrik al sa om it hert, dat er him - dat al yn septimber 1944 – samar oerjoech oan de yllegaliteit, dy't him doe oant de befrijing yn bewar hold.

Pot waard feroardiele ta 6 jier ynternearring mei ôftrek fan foararrest.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Burgemeestersbenoemingen, Het nationale dagblad: voor het Nederlandsche volk 11-8-1942.
  • De nieuwe burgemeester van Muntendam geïnstalleerd, Nieuwsblad van het Noorden 8-9-1942.
  • Zware straf voor ex-burgemeester Pot, Nieuwsblad van het Noorden 26-7-1947.
  • Tribunaal Winschoten, Nieuwsblad van het Noorden 30-9-1947.

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!