Willem Klazes Boorsma

Willem Klazes Boorsma
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Willem Klazes Boorsma
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 21 desimber 1826
berteplak Tsjummearum (Fryslân)
stjerdatum 4 july 1870
stjerplak Tsjummearum (Fryslân)
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
sport keatsen
debút <1854
karriêre-ein 1865
wichtige prestaasjes
PC: 3× earste priis
PC: 3× trêde priis

Willem Klazes Boorsma (Tsjummearum, 21 desimber 1826 – dêre, 4 july 1870) wie in Frysk keatser dy't yn 'e njoggentjinde iuw trije kear de PC wûn.

Libben en karriêre

Boorsma waard yn 1826 berne yn Tsjummearum, yn 'e doetiidske gritenij Barradiel. Hy moat al foar 1854 úteinset wêze mei in karriêre yn it keatsen, mar út dy tiid is gjin ynformaasje oerlevere. Yn elts gefal wûn er yn 1854 de PC yn Frjentsjer mei in partoer dat fierders bestie út Pieter Baukes Rijpma en Rients D. Yntema, dy't allebeide fan Penjum kamen. Yn 1855 wûn Boorsma fannijs de PC, diskear yn 'e mande mei syn bruorren Evert Klazes Boorsma en Jan Klazes Boorsma.

Yn 1857 hie de PC in unike finale, wêryn't twa partoeren fan elts trije bruorren it tsjininoar opnamen. Soks is neitiid nea wer foarkommen. De bruorren Boorsma fersloegen de winners fan it foargeande jier, 1856, te witten: Johannes Frearks Felkers, Pieter Frearks Felkers en Frans Frearks Felkers. De bruorren Boorsma wûnen sulverne tabaksdoazen, en de bruorren Felkers sulverne leppels.

Neitiid behelle Willem Klazes Boorsma noch trije kear it twadde plak op 'e PC, yn 1860, 1861 en 1863. Dêrmei garre er yn totaal 15 punten op foar it Ivich Keatsklassemint foar't er yn 1865 ophold mei keatsen. Hy kaam yn 1870 yn 'e âlderdom fan 43 jier yn syn berteplak Tsjummearum te ferstjerren.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!