Willem Hendrik van Heemstra (1696-1775)

Willem Hendrik van Heemstra (1696-1775)
politikus
Portret fan Willem Hendrik van Heemstra, taskreaun oan Bernardus Accama.
Portret fan Willem Hendrik van Heemstra, taskreaun oan Bernardus Accama.
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 20 juny 1696
berteplak Dronryp
stjerdatum 18 septimber 1775
stjerplak Feankleaster
dynasty Van Heemstra
etnisiteit Frysk
Grytman fan Kollumerlân en Nijkrúslân
amtsperioade 1743-1775
Folmacht op de lânsdei
amtsperioade 1743-1775
Kommittearre fan de Admiraliteit fan Fryslân
amtsperioade 1743-
Lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân
amtsperioade 1751-1756
Kommittearre fan de Admiraliteit fan Fryslân
amtsperioade 1756-1757
Lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân
amtsperioade 1770-1773

Willem Hendrik fan Heemstra (Dronryp, 20 juny 1696 - Feankleaster, 18 septimber 1775) wie in Nederlânske bestjoerder fan Frysk komôf.

Biografy

Van Heemstra wie in soan fan Schelto fan Heemstra en Catharina van Scheltinga (1666-1724). Syn heit wie kapitein fan de ynfantery en fan 1702 ôf wie er ûnderwizer fan Johan Willem Friso fan Nassau-Dietz. Letter waard er boargemaster fan Boalsert.[1] Willem Hendrik waard berne op de Dotingastate te Dronryp, dêr't er doopt waard op 21 juny 1696. Hy wie peetbern fan Willem III fan Oranje.[2] Willem Hendrik wie lid fan de aadlike famylje Van Heemstra.

Hy studearre oan de universiteit fan Frjentsjer en folge syn heit al yn 1713 op as postmaster-generaal.[3] Hy waard yn dy funksje opfolge troch Watze fan Glinstra, in neef fan syn frou.[4] Tegearre mei Cornelis fan Scheltinga dong Van Heemstra nei it grytmanskip fan Kollumerlân en Nijkrúslân. Cornelis wie troud mei in nicht fan Willem Hendrik. Twa soannen fan Willem Hendrik trouden mei dochters fan Cornelis. Hoewol't der wat ferset wie tsjin syn beneaming, waard Fan Heemstra op 1 febrewaris 1743 yn dit amt befêstige. Hy waard opfolge troch Martinus fan Scheltinga, in soan fan Cornelis fan Scheltinga.[5]

Fan Heemstra wie njonken grytman ek Folmacht op de Lânsdei út namme fan Kollumerlân en Nijkrúslân fan 1743 oant syn ferstjerren yn 1775. [6][7]Fierder wie Fan Heemstra ûnder mear kommittearre fan de Admiraliteit fan Fryslân en lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân.[8]

Fia syn skoanfamylje kaam Fan Heemstra yn it besit fan de Fogelsanghstate yn Feankleaster.[9]

Houlik en bern

Van Heemstra troude yn 1726 te Burgum mei Wija Catharina fan Glinstra (1703-1762), dochter fan Vincentius fan Glinstra en Aurelia Catharina fan Scheltinga. It pear krige de folgjende bern:

  1. Feye Jan fan Heemstra (1727-1757), militêr.
  2. Vincentius fan Heemstra (1730-1730), jong ferstoarn.
  3. Catharina Maria fan Heemstra (1732-1804), troude mei Maurits Pico Diederik fan Sytzama, kommissaris-generaal fan finânsjes.
  4. Vincentius fan Heemstra (1734-1734), jong ferstoarn
  5. Vincentius fan Heemstra (1736-1755).
  6. Schelte fan Heemstra (1738-1803), troude mei Wiskje fan Scheltinga. Hy wie orangist en moast dêrom uitwijken naar Emden.
  7. Hector Livius fan Heemstra (1740-1783), troude mei Lucia Catharina fan Scheltinga. Hy erve de Fogelsanghstate.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bruggeman, M. (2006). Nassau en de macht van Oranje: de strijd van de Friese Nassaus voor hun rechten, 1702-1747. Hilversum: Verloren.
  2. Aa, A.J. van der (1867). Biographisch woordenboek der Nederlanden. Deel 8. Eerste stuk. Haarlim: J.J. van Brederode.
  3. Molhuysen, P.C. & Kossmann, Fr.K.H. (Red.) (1937). Nieuw Nederlandsch biografisch woordenboek, Deel 10. Leien: A.W. Sijthoff.
  4. Engels, M.H.H. (2013). Postmeester, houtvester resp. pluimgraaf van Friesland. [online] Te lêzen fia: Mpaginae.nl..
  5. Andreae, A.J. (1975). Kollumerland en Nieuw Kruisland geschiedkundig beschreven met oudheidkundige plaatsbeschrijving door Mr. A. J. Andreae. Ljouwert: De Tille.
  6. Engels, M.H.H. (2009). Volmachten of Staten van Friesland 1733 t/m 1761 Oostergo. [online] Beskikber fia: Mpaginae.nl.
  7. Engels, M.H.H. (2009). Volmachten of Staten van Friesland 1762 t/m 1795 Oostergo. [online] Beskikber fia: Mpaginae.nl.
  8. Kooijmans, M., Ibeling, B.J., Sluijter, R.G.H., Roelevink, J. & Kooijmans, M. (2007). Willem Hendrick van Heemstra. [online] Beskikber fia: Resources.huygens.knaw.nl..
  9. Mulder-Radetzky, R.L.P. & Vries, B.H. de (1986). Fogelsanghstate, Veenklooster. Monumint fan de Moanne, 1(5). Ljouwert: Stichting Monument van de Maand.

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!