Willem Adriaan Bergsma

Willem Adriaan Bergsma

Willem Adriaan Bergsma (Idaard, 28 septimber 1829 - Dronryp, 15 maart 1901) wie in Nederlânsk politikus.

Bergsma wie de twadde soan fan Mr. Cornelis Bergsma en Jetske Wiskia van Scheltinga. Hy studearre rjochten oan de Universiteit fan Grins.

Bergsma wie in Fries dy't lange tiid warber wie yn de Haachse polityk. Nei de advokatuer (yn Ljouwert) en it boargemasterskip fan Menameradiel waard er ôffurdige foar it distrikt Dokkum. Hy kaam fral op foar de Fryske belangen en makke diel út fan de Parlementêre enkêtekommisje besmetlike longsykte ûnder kobisten. Hy slette him oan by de fraksje fan de Kappeynianen (jong- of foarútstribjende liberalen). Yn 1884 waard er ferfongen troch in evenredige liberaal. Yn 1894 waard er Earste Keamerlid en bleaun dat oan syn dea yn 1901 ta.

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!