De Wide Greons is in feart yn de gemeente Ljouwert. De feart ferbynt De Tynje yn de stêd Ljouwert mei it rivierke de Nauwe Greons, besuden de stêd. Oan de Wide Greons leit de jachthaven en stiet ek de eardere finzenis De Blokhûspoarte.
De namme Wide Greons jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Wijde Greuns.