In wetterlieding is in lieding wêrtroch wetter transportearre wurdt fan A nei B. Mei in wetterlieding wurdt meastentiids de lieding foar it transport fan drinkwetter bedoeld. Dizze liedingen lizzen yn haadsaak yn de grûn mar lizze ek yn huzen en gebouwen. De wetterliedingen kinne fan ferskillend materiaal makke wêze, lykas koper, lead, polyeteen (PE), polyvinylgloride (PVC), getten izer, asbestsemint ensfh.. De drinkwetterfoarsjenning en -kwaliteit- is yn Nederlân regele yn de Wetterliedingwet en it Wetterliedingbeslút. Boppedat jildt de Kaderrjochtline Wetter foar de drinkwetterboarnen.
De drinkwetterfoarsjenning yn Fryslân waard dien troch twa bedriuwen, nammentlik de IWGL NV en de GWS. Lêstneamde bedriuw foarsjocht de gemeente Snits. Alle gemeentes hawwe yn 1958 wetterlieding, op It Amelân nei (dêr wiene dan al wol plannen foar de oanlis). It persintaazje oansluten huzen is yn 1958 yn Fryslân 80% (yn 1947 wie dat 50%), per gemeente fan ± 40 yn Gaasterlân en Eaststellingwerf oant 92-99% yn de stêden.
It oanslutingspersintaazje yn Fryslân bedroech yn 1958 85,7%; plannen wienen doe klear foar ferheging ta ±95% (1965) troch oansluting fan stadichoan mear ûnrindabele gebieten. Benammen yn Achtkarspelen, It Amelân, Dantumadiel, Gaasterlân, Kollumerlân, EaststellingwerfOpsterlân en Weststellingwerf waard de wetterfoarsjenning yn of nei 1958 sterk útwreide. Dêr't gjin wetterleiding wie barde de wetterfoarsjenning middels reinbakken, foar buorkerijen levere dit benammen op de sângrûnen grutte beswieren op. Guon huzen hienen in put; ek bestienen tsjerkebakken en tsjerkeputten foar it hiele doarp. Yn droege simmers leveren de oansluten molkfabriken hiel wat bussen liedingwetter.