It westlik healrûn is it part fan de wrâld westlik fan de nulmeridiaan en eastlik fan de meridiaan fan 180 graden. De hoek fan meridianen op dit healrûn wurdt omskreaun as westerlingte.
De oare helte fan de ierde is it eastlik healrûn. Guon minsken brûke westlik healrûn as synonym foar Westlike wrâld, mar in soad lannen yn Jeropa dy't ta de Westlike wrâld rekkene wurde, lizze feitlikens hielendal of foar in part op it eastlik healrûn.
Dat de meridiaan fan Greenwich as útgongswearde keazen is komt mei't de measte seekaarten op de meridiaan fan Greenwich basearre wienen. Dat kaam omdat de Ingelsken as earsten de geografyske lingte sekuer bepalen koenen; hja wienen de útfiners fan de seeweardige gronomjitter, en Ingelân wie doe de grutste seegeande naasje.