West-Indisch Bedrijf

It West-Indisch Bedrijf ('West-Yndysk Bedriuw') wie in ûnderdiel fan de KLM dat fan 1934 ôf oant 1964 flechten fersoarge yn de Nederlânske Antillen, Suriname (mei-inoar Nederlânsk West-Ynje) en de buorlannen dêrfan.

De oprjochting waard mei mooglik makke troch de tasizzing fan de PTT dy't in lukratyf kontrakt yn it foarútsjoch stelde foar it ferfieren fan de post nei de koloanjes. De earste postflecht fan Nederlân nei Curaçao mei in Fokker F.XVIII, de "Snip", op 22 desimber 1934 markearre it begjinpunt fan de ûndernimming.

Ynearsten fleach it West-Yndysk Bedriuw benammen fan Willemstêd nei Aruba (earste flecht 19 jannewaris 1935) en Fenezuela en Jamaika yn gearwurking mei de Koninklijke Nederlandse Stoomboot-Maatschappij (KNSM). Earst nei de Twadde Wrâldoarloch wie der in reguliere flecht Amsterdam-Curaçao. De Twadde Wrâldoarloch sels wie fan grut belang foar it WIB, it waard troch de oaljaffinaderijen op Aruba in wichtige ferfierder en wie ien fan de bêst rinnende loftfeartmaatskippijen fan dy tiid.

Yn 1964 feroare it West-Yndysk bedriuw yn de Antilliaanse Luchtvaart Maatschappij (ALM) en waard ek de Nederlânske Antillen mei-eigener.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!