Waltastate (Hallum)

Waltastate stie oan de Meekmawei 2, te Hallum, gemeente Ferwerderadiel. Op it stee stiet no in 18e iuwske pleats.

De Waltastins waard nei alle gedachten yn de 13e iuw boud. Walta wurdt yndirekt, troch de pachtersnamme, yn 1540 neamd; mei it toponym Waltha guedt en Walthe saete yn 1543. Yn 1511 en yn 1540 wie Walta in sate dy't troch Ernst Mockema alias Unema ferpachte waard. De fjouwer preesters lutsen yn 1511 mei elkoar 1 goudgûne, yn 1543 de pastorije in heale goudgûne en de sakrista en de prebendepreester elk 7 stuorren oan rinten út dit goed. Yn 1640 wie de widdo fan kaptein Aernsma eigeneresse fan Walta. Yn 1540 mar ek yn 1700 waard it goed foar 23 floreen oanslein.
Yn 1698 is it goed eigendom fan mefrou Margareta fan Walta, widdo Coenders. Yn 1700 is jonkhear Willem fan Haren, grytman fan It Bilt de eigener en yn 1728 is Breeuts Gijsberts eigener en brûker. Yn 1832 is de pleats yn besit fan de erven Gijsbert Gerrits.

Neffens de hear W. Waldus fan de Rykstsjinst foar Aldheidkundich Boaiemûndersyk is de terp dêr't de state/stins op stiet sa'n 800 jier âld. De terp wie grif in nedersettingsterp út de (lette) midsiuwen. Om 1700 waard de stins/state al ôfbrutsen, om dêrnei ferfongen te wurden troch in pleats, dy't mooglik boud waard op de restanten fan de stins “Walta”.

Op in kaart fan Schotanus, yn 1718 bewurke troch Halma, is beëasten de Waltastins in lytse bult oanjûn, in soarte stinswier, mei in definsive funksje. Waldus ferwiist fierder nei it boek fan H.M. van den Berg: "Noordelijk Oostergo, Ferwerderadeel" út 1981. Dêr stiet lykwols allinnich fermeld dat Halbertsma op syn kaart by Walta benoarden de stinswier fan Doniastate ek in stinswier oanjout. Yn 1832 en 1850 wie de wier ferdwûn, mar lei om it hiem noch in grêft.

Yn de herfoarme tsjerke fan Hallum hinget in rouboerd fan de family Walta mei dêrop it wapen fan de family: trije reade rútsjes op in wyt skyld.

Bewenners

  • 1511, 1540 Ernst Mockema
  • 1640 widdo kaptein Aernsma
  • 1698 Margareta fan Walta
  • 1700 jonkhear Willem fan Haren
  • 1728 Breeuts Gijsberts
  • Gerrit Gijsberts ?
  • Gijsbert Gerrits
  • 1832 erven Gijsbert Gerrits
  • ?? - no family Houtsma

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!