W.C. Handy

W.C. Handy, fotografearre op 17 july 1941 troch Carl van Vechten (kolleksje: Library of Congress [1])

W.C. Handy (16 novimber 1873 - 28 maart 1958), folút William Christopher Handy, wie in Amearikaanske blues komponist, troch guon beskôge as The Father of the Blues.

Hy is benammen bekend fan syn komposysje "The Saint Louis Blues".

Hoewol Handy net de earste musikus wie dy't him mei blues dwaande hâlde, wie hy wol dejinge dy't blues fan in obskuere regionale muzykstyl ta ien fan de meast ynfloedrike krêften yn de Amerikaanske populêre muzyk makke. Syn komposysjes folgje net altyd it klassike 12-maats patroan, faak binne der 8- of 16-maats tuskenstikken (bridges) en fierder falt syn wurk op troch de skitterjende meldijen.

As klassyk oplieden muzikus brûkte Handy in soad folksmuzyk yn syn komposysjes.

Handy wie de oprjochter fan de platemaatskippij Black Swan Records it earste platelabel yn de Feriene Steaten dat yn 'swarte' hannen wie.

Sûnt 1980 ken de Blues Foundation alle jierren de Handy Award ta.

De muzyk fan Handy heart tsjintwurdich ta it publyk domein.

Bekendste komposysjes

Fan de mear as hûndert komposysjes troch W.C. Handy binne dit de bekendste:

  • The Memphis Blues - skreaun yn 1909 as "Mister Crump", publisearre yn in wiizge ferzje yn 1912.
  • The Saint Louis Blues - "the jazzman's Hamlet" (1912).
  • Yellow Dog Blues - (1914).
  • Beale Street Blues - (1917).
  • Long Gone (From Bowling Green) - yn rap-styl, oer in bekende bankrôver (1920).
  • Loveless Love - foar in part basearre op it klassike "Careless Love" (1921).
  • Aunt Hagar's Blues - (1921).
  • Atlanta Blues - mei dêryn it bekende liet "Make Me a Pallet on your Floor" as refrein (1924).
  • Chantez-Les-Bas (Sing 'Em Low) - oade oan de Kreoalske kultuer fan New Orleans (1931).

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!