De stamrige begjint mei de yn Konstanz berne Georg (Jörg) Fegili (1425-1481). Syn pakesizzer Georg (Jörg) Vegilin krige fan keizer Maximiliaan yn 1507 by wapenbrief fergunning it wapen fan de famylje fan syn mem, in lid fan it laach Von Geisterendorff, te fieren.
Yn 1812 waarden trije leden fan it laach troch keizer Napoleon I beneamd as Baron de l'Empire.
By SB, Brussel 28 augustus 1814, waarden Assuërus en Valerius Loadewyk Vegelin fan Claerbergen erkend as eallju fan Fryslân sadat se yn de Nederlânske adel opnomd waarden mei it predikaat fan jonkhear. By SB, De Haach 22 oktober 1814, waarden Philip Ernst Assuërus Vegelin van Claerbergen (1781-1851) en Epo Sjuck Burmania Vegelin fan Claerbergen (1790-1831) ek erkend as edelen fan Fryslân. Doe 't yn 1825 de ridderskip yn Fryslân ynsteld waard is allinnich Epo Sjuck Burmania Vegelin fan Claerbergen as lid beneamd.
By KB fan 23 maaie 1860 krige Doeke Vegelin van Claerbergen (1859-1894), pakesizzer fan Epo Sjuck Burmania Vegelin fan Claerbergen, op fersyk fa syn heit, fergunning de namme Martena van Burmania Vegelin van Claerbergen oan te nimmen, nei de Martenastate yn Koarnjum dêr 't syn pake yn 1831 stoarn wie.
Inkele telgen
Georg (Jörg) Vegilin von Claerbergen und Geisterendorff (1481-1533), fjildoerste fan keizer Maximiliaan fan Eastenryk, krige yn 1507 fan dizze keizer in wapenbrief, amtman fan Polweiler
Ernst Vegilin von Claerbergen (1529-1589), ried fan de karfoarst fan de Palts, kapitein oer 300 Switsers, lânskriuwer yn Neustadt oan de Haerdt
Philip Ernst Vegilin von Claerbergen (1580-1637), oerste ûnder kening Gustaaf Adolf fan Sweden, sneuvele by it ynnimmen fan Kaiserslautern troch de keizerlike troepen
Philip Ernst Vegelin fan Claerbergen (1613-1693), faandrich yn Sweedske tsjinst, ealman oan it hof fan de karfoarst Karel Loadewyk fan de Palts, siktaris fan prins Willem Frederik fan Nassau 1641, hofmaster 1657, ridder fan Sint-Michiel 1653, kaptein fan in kompanjy Frânsken te foet ta repartysje fan Fryslân 1656, drost fan Liesvelt 1666, adjudant-generaal fan greve Johan Maurits fan Nassau 1673; kocht foar syn soan Hessel yn 1679 Heremastate op De Jouwer.
Catharina Johanna Vegelin fan Claerbergen (1726-1762); troude yn 1750, nei it ferstjerren fan har ienige broer mei syn sweager, Skelte (letter: Hessel Roorda) fan Eysinga (1722-1790), grytman fan Haskerlân, lid fan de famylje Van Eysinga
Frederik Vegelin fan Claerbergen (1668-1713), offisier yn Steatetsjinst, de lêste kear generaal-majoar ynfantery 1709, gûverneur fan Damme
Philip Ernst Vegelin fan Claerbergen (1696-1741), luitenant-kolonel ynfantery 1723, sersjant-majoar of wachtmaster fan Hulst, fan Menen 1739-1741
Pieter Benjamin Vegelin fan Claerbergen (1734-1780), majoar artillery
jhr. Valerius Lodewijk Vegelin van Claerbergen (1774-1844), Baron de l'Empire, frederjochter, lid fan de provinsjale steaten fan Fryslân, grytman fan Haskerlân; yn 1814 opnomd yn de Nederlânske adel
jkfr. Aurelia Vegelin van Claerbergen (1865-1944); troude yn 1893 mei dr. Jan Gijsbertus Driessen (1855-1940), arts; hja stelden Heremastate beskikber oan de "Vereniging tot Oprichting van een Friesch Volkssanatorium" foar in folkssanatoarium foar tuberkuloazelijers. Yn de state wie fan 1910-1921 dat sanatoarium ûnderbrocht, letter foel de state werom oan it echtpear Driessen. Se ferkochten de state oan harren neef, de boargemaster fan Haskerlân dy 't him yn de state ta wenjen sette.
jkfr. Aurelia Anna Maria Vegelin van Claerbergen (1837-1923); troude yn 1864 mei dr. Nicolaas Reeling Brouwer (1838-1915), lid fan de provinsjale en deputearre steaten fan Fryslân.
jkfr. Fokel Berber Helena Vegelin van Claerbergen (1847-1919); troude yn 1869 mei jhr. Lollius fan Beyma (1840-1925), majoar rezjimint grenadiers en jagers, lid fan de gemeenteried en wethâlder fan Baarn, yntendant paleis Soestdijk
jhr. Philip Ernst Vegelin van Claerbergen (1859-1912)
jhr. Pieter Benjamin Johan Vegelin van Claerbergen (1888-1966)
jhr. Louis Philippe Vegelin van Claerbergen (1926-2012); troude yn 1949 mei jkfr. Olga Mary Inez fan Schuylenburch, frouwe fan Wisch, bewenners fan kastiel Wisch
jkfr. Adrienne Vegelin van Claerbergen (1891-1982); troude yn 1910 mei mr. René Labouchere, hear fan Zeist (1870-1934); troude yn 1923 William Frederick Charles Henry greve Aldenburg Bentinck, hear fan Kniphausen, Varel, Gaildorf, Middachten en Kernheim (1880-1958), ritmaster
jkfr. Deodata Helena Cuniera Vegelin van Claerbergen (1777-1816); troude yn 1802 mei dr. Johannes Wybrandus Quaestius (1766-1827), genês-, hiel- en natuerkundige yn Ljouwert, lid gemeenteried fan Grins, erflitter patologysk-anatomyske kolleksje
jkfr. Frederica Maria Aurelia Vegelin van Claerbergen (1779-1836), akwarelliste