Van Swinderen (ek: Gerlacius van Swinderen en: De Marees van Swinderen) is in geslacht dêr 't leden fan sûnt 1817 ta de Nederlânske adel hearre.
Skiednis
De stamrige begjint mei Johan van Swinderen dy 't om 1554 hinne berne waard, nei alle gedachten tinjitter en koperslagger wie, yn 1598 boarger fan Sutfen en dêr yn 1619 ferstoar. By Keninklik Beslút fan 27 desimber 1817 waarden twa leden fan it laach ferheft yn de Nederlânske adel.