De Tsjippewa's fan Georgina Island Earste Naasje (Ingelsk: Chippewas of Georgina Island First Nation; Odjibwe: Waaseyaagmiing Anishinaabek) is in Yndiaanskestamme-organisaasje yn Kanada, mei eigen reservaten yn it suden fan 'e provinsjeOntario. De Tsjippewa's fan Georgina Island binne etnyskeOdjibwe. De tafoeging 'earste naasje' is in typysk Kanadeeske oantsjutting foar in Yndianestamme of -troep. It haadkertier fan 'e stamme is fêstige yn Sutton West.
De leden fan 'e Tsjippewa's fan Georgina Island Earste Naasje besteane út etnyskeOdjibwe (Ojibwe), ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd, in Algonkwynsktalichfolk dat de talrykste Yndiaanske groep foarmet yn 'e krite fan 'e Grutte Marren fan Kanada en de Feriene Steaten. Neffens gegevens út 2015 hie de Tsjippewa's fan Georgina Island Earste Naasje doe 725 leden, wêrfan't yn 2011 275 persoanen (37,9%) yn it eigen reservaat wennen, wylst 450 derbûten libben.
Skiednis
Oarspronklik foarmen de Tsjippewa's fan Georgina Island ien Odjibwe-troep mei de mienskippen dy't no bekendsteane as de Beausoleil Earste Naasje en de Tsjippewa's fan Rama Earste Naasje. Fan 1818 oant 1844 waard de troep laat troch it opperhaad Gielholle of Musquakie. Doe't de earste blanke kolonisten har yn 'e krite nei wenjen setten, holpen de pleatslike Odjibwe harren om har oan te passen oan it winterdeis strange klimaat en troch harren medisinen te bringen dy't makke wiene fan yn it wyld libjende planten.
Yn 1830 waard de Yndianetroep lykwols fan oerheidswegen fan syn tradisjonele wenplak ferwidere en yn it Coldwater Narrows Yndianereservaat pleatst. Yn 1836 waard it Coldwater Narrows Reservaat troch de oerheid wer ûnteigene by wat no beskôge wurdt as in yllegale konfiskaasje. De Yndianen waarden fan it reservaatlân ôf set, en moasten yn 't earstoan mar sjen dat se har rêden, wat ta gefolch hie dat de troep yn trije lytsere groepen útinoarfoel. Ut ien fan dy groepen kaam doe de Tsjippewa's fan Georgina Island Earste Naasje fuort.
It eilân Georgina is fan it fêstelân ôf inkeld tagonklik per boat. Mei de feartsjinst kin men ek auto's, fytsen en oare fiertugen oersette. Dat is benammen fan belang foar de toeristyske sektor, dy't foar de wurkgelegenheid yn it reservaat in tige wichtich plak ynnimt. Winterdeis, as de Simcoemar tichtfriest, is de tagong ta it eilân en reservaat beheint ta moerasboaten, dy't oer it iis glydzje kinne. De ûnbewenne eilantsjes Snake en Fox hawwe alhiel gjin ferhurde wegen en kin men sadwaande inkeld te foet ferkenne. Behalven kuierjen kin men by de eilannen ek snorkelje en sile of oare wettersporten beoefenje.