Peroni die mei oan ûnder mear de bands Secret Sounds en Het Goede Doel. Under de namme Tony Peroni & His All Stars hie er yn 1988 in hit mei it nûmer KNMY, in parody op YMCA fan Village People. Toni Peroni en Linda Dubbeldeman krigen in relaasje en hawwe in soan. Hja binne tegearre eigner fan de Starsound Studio te Utert. Yn oktober 2004 presintearre er op muziekzender The Box it programma Lekker Belangrijk.