Foarhinne, yn 'e tiid dat houtene keapfarders om 'e wrâld sylden foar hannel, wie de skipstimmerman in tige wichtige funksje oan board. Sa'nent ferrjochte ûnderweis it ûnderhâld oan it skip en reparearre oprûne averij. In spesjalisme ûnder skipstimmerlju wiene de mêstemakkers. Tsjintwurdich komme skipstimmerlju fral noch foar yn 'e jachtebou, dêr't se 'skipsbesjitter' neamd wurde. Sokken binne faklju dy't wurk leverje op in plak dêr't frijwol gjin rjochte linen of searjewurk foarkomme en alles op maat makke wurde moat.