Teïsme (fan it Grykske θεος, theos, "god", of θεοι, theoi, "goaden") is in godstsjinstfilosofyske opfetting dy't yn brede sin it leauwen yn it bestean fan in God of goaden omfiemet. Yn ingere sin kin it ek tsjutte op it erkennen fan ien God, dy't sawol transendint as ymmanint is. Yn dy lêste sin wurdt teïsme benammen assosjearre mei de grutte abrahamityske religyen fan it joadendom, it kristendom en de islaam. Yn bredere sin slacht it op alle religyen dy't it leauwen yn godheden foarsteane. Dat is net by alle religyen sa; de lear fan bgl. it boedisme en it konfusianisme beskôget it leauwen yn goaden nammentlik as yrrelevant. Sokke religyen wurde non-teïstysk neamd.
Soarten teïsme
Monoteïsme
- De Wikipedy hat ek in side monoteïsme.
Monoteïsme is it leauwen dat der mar ien God bestiet. De wichtichste monoteïstyske religyen binne de abrahamityske religyen: it joadendom, it kristendom, de islaam en lytsere godstsjinsten as it bahaïsme, samaritanisme, rastafarianisme, jazdânisme en mandeïsme. Oare monoteïstyske religyen binne it soroästrisme, beskate foarmen fan it hindoeïsme en eckankar.
Polyteïsme
- De Wikipedy hat ek in side polyteïsme.
Polyteïsme is it leauwen dat der mear as ien god bestiet. Ornaris giet it dêrby om in ferskaat oan goaden, dy't sammele binne yn in panteön. By polyteïsme wurdt ûnderskie makke tusken hurd polyteïsme, dat de goaden sjocht as selsstannige en ûnderskate wêzens, en sêft polyteïsme, dat de goaden beskôget as ferskillende manifestaasjes fan ien en deselde hegere macht. Fierdere ûnderferdielings binne:
- monolatry, wêrby't leaud wurdt yn it bestean fan ferskate goaden, hoewol't dêrfan mar ien god fereare wurdt;
- katenoteïsme, wêrby't ferskate goaden efterinoar (dus ien foar ien) fereare wurde, ynstee fan tagelyk;
- henoteïsme, wêrby't men alle goaden beskôget as ekwifalinte represintaasjes fan ien inkele God.
Panteïsme
- De Wikipedy hat ek in side panteïsme.
Panteïsme is it leauwen dat it fysike hielal itselde is as God, en dat der gjin ferskil bestiet tusken God en it guod dêr't it hielal fan makke is. Panteïsme kin útlein wurde as in soarte non-teïsme, wêrby't oan it fysike hielal beskate rollen fan in teïstyske God taparte wurde wylst de oare rollen fan in teïstyske God as oerstallich sjoen wurde.
Panenteïsme
- De Wikipedy hat ek in side panenteïsme.
Panenteïsme is it leauwen dat God it fysike hielal omfettet, mar dat God net gelyk is oan it fysike hielal om't God grutter is en bûten tiid en romte bestiet.
Deïsme
- De Wikipedy hat ek in side deïsme.
Deïsme is it leauwen yn it bestean fan ien folslein transendinte God, dy't it hielal skepen hat, mar dy't net yn 'e wrâld yngrypt. Neffens dit tinken is God net antropomorf, beäntwurdet er gjin gebedens en skinkt er likemin wûnders. Frij algemien komt yn it deïsme it idee foar dat God gjin belangstelling foar de minskheid hat of him sels net iens bewust is fan it bestean fan 'e minskheid.
Underferdielings binne:
- pandeïsme, it leauwen dat God foarôfgeande oan it hielal bestie en it hielal skepen hat, mar der no synonym mei is;
- polydeïsme, it leauwen dat ferskate goaden besteane, dy't net ien fan allegear yn 'e wrâld yngripe.
Autoteïsme
- De Wikipedy hat ek in side autoteïsme.
Autoteïsme is it leauwen dat godlikens ynherint oan 'e minske is, en dat dêrom alle minsken fan natuere it fermogen hawwe om godlik te wurden. It oanbesibbe begryp fergoading wiist op it ta god ferklearjen fan in libbene of stoarne minske of bist, ornaris troch oaren.
Wearde-oardielfoarmen fan teïsme
Non-teïsme
- De Wikipedy hat ek in side non-teïsme.
Non-teïsme is gjin ôfwizing fan it bestean fan goaden, mar it leauwen dat it bestean fan goaden net nedich is foar it útlizzen fan it bestean fan it hielal, de wrâld en it libben. Foar non-teïsten is de fraach oft goaden besteane dêrom fierhinne yrrelevant. Unferskillichheid foar it al of net bestean fan God of goaden oer, hjit apateïsme.
Ateïsme
- De Wikipedy hat ek in side ateïsme.
Ateïsme is it fêste leauwen dat God of goaden net besteane. It ateïsme wiist yn 'e regel ek in libben nei de dea ôf. It is besibbe oan agnostisisme, it leauwen dat men net witte kin oft God of goaden besteane.
Boarnen, noaten en referinsjes