Tampico is in plak (village) yn de Amerikaanske steat Illinois, yn Whiteside County. Main Street yn Tampico is in histoarysk distrikt, fral meidat de eardere presidint Ronald Reagan dêr yn 1911 berne waard yn in appartemint boppe in bank (sjoch foto).
Skiednis
It gebiet dêr't letter Tampico kaam te lizzen wie in sompe. De earste net-lânseigen bewenners kamen yn 1852. De township Tampico waard yn 1861 stichte. Yn de jierren 1863-64 waard it gebiet drûchlein. It pleatslike spoar waard yn 1871 iepene. Juny 1874 waard it plak rekke troch in tornado, dy't 27 gebouwen ferneatige. Yn 1875 waard it Tampico in municipal corporation.[1]