De Sylroede is 200 meter lang en begjint by it wetter de Yndyk en rint yn noardlike rjochting ûnder de Wipbrêge troch nei de Slûs Hylpen. Justjes foar de Slûs is der yn eastlike rjochting ferbining mei de Easterfeart (Hylpersk: Aesterfaart). De Sylroede is part fan de rûte fan de Alvestêdetocht.