Sung Jae-ki

Sung Jae-ki(성재기 成在基, 11 septimber 1967 - Seoul, 26 july 2013) wie in Súdkoreaanske manljusrjochte-aktivist, anty-feminist en liberaal tinker. nickname wie Shimheon(심헌 審軒), Shimheon(심헌 心軒).

Hy wie yn 2008 de stichter fan Man fan Korea, in groep dy't opkaam foar manljusrjochten en dy't it ôfskaffen fan it Ministearje fan Geslachtlikens en Famylje foarstie. Hy wie fierder dwaande mei anty-feminisme, frije leafde, seksuele frijheid en de befrijding fan de man.

Fan 1999 oant 2013 wie Sung de oanfierder fan de Súdkoreaanske anty-feminismebeweging. Oktober 1999 die mei oan de beweging tsjin it ôfskaffen fan in foarkarbehanneling fan eks-militêren. Hy wie teffens tsjin it ôfskaffen fan it Hoju-systeem en de neffens him fierst te froufreonlike polityk yn Súd-Koreä. Yn 2006 stichte er it Bûn fan Anty-feminisme foar de Befrijding fan Manlju en yn 2007 de Feriening ta it Ofskaffen fan it Ministearje fan Froulju. Yn 2008 rjochte er de Man fan Korea (it bûn fan Koreaanske manlju) op, dêr't er de earste foarsitter fan waard fan 2008 oan 2013.

Tsjin de ein fan syn libben siet Sung swier yn 'e skulden, neffens guon berjochten wol $200 miljoen. Op 25 july 2013 kundige Sung op it webstee fan Man fan Koreä oan dat er fan doel wie himsels tekoart te dwaan.[1] De oare deis sprong er fan de Mapobrêge yn Seoul en stoar.[2]

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Suicide performance and journalist ethics News Dongah
  2. Body of Sung Jae-gi found in Han River Koreaherald 2013.07.29

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!