Sommige hindoes tinke dat de seebanken, de Adamsbrêge dy't yn Ynje de Rama Setu neamd wurdt, yn de see-ingte boud binne troch Rama en syn apeleger. Doe't de Yndiaaske regearing yn it plan opfette dy seebanken te kanalisearen protestearre de hindoeïstyske partij BJP hjirtsjin. De regearing hat doe ûndersocht oft Rama wier bestien hat. Der waarden gjin archeologyske of histoaryske boarnen fûn dêr't grutte lilkens op ûntstie, en twa direkteuren fan de archeologyske tsijnst troch de minister fan Kultuer, Ambika Soni, ûntslein waarden.
Trivia
De strjitte is ferneamd nei Ingelske gûverneur fan de provinsje Madras Robert Palk (1755–1763).
Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!