De Stifting waard 17 maaie1945 opgerjochte en húsmannet yn De Haach. De Stichting wie yn de earste jierren nei de Twadde Wrâldkriich it meast wichtige oerlisorgaan foar sosjaal-ekonomyske fraachstikken tusken wurkjouwers, wurknimmers en oerheid, mar dy funksje waard yn 1950 oernaam troch de Sosjaal-Ekonomyske Ried (SER). De Stichting is noch wol it plak foar it maitiids- en neijiersoerlis tusken de sosjale partners. Kabinet en fertsjintwurdigers fan wurkjouwers en wurknimmers besprekke dan de saneamde sosjale akkoarden, dêr't ôfspraken yn makke wurde oer algemiene leanferhegingen, arbeidsbetingsten ensafuorthinne.