De Stichting Avifauna Fryslân is in yn 2013 oprjochte stichting dy't as doel hie om it oersjoch fan de Fryske fûgelwrâld yn kaart te bringen en it gearstallen fan in boekwurk, wêryn de Fryske avifauna beskreaun wurdt.
Utgongsopunt hjirby binne de troch Gerrit Bosch yn in lang oantal jierren samle gegevens. Yn 1975 waarden de ynliedende haadstikken skreaun, de literatuer útwurke en waarden de earste fûgelsoarten bewurke. Ek is mei it atlasprojekt begûn, wêrby't troch tsientallen meiwurkers de briedfûgels fan Fryslân ynventarisearre waarden en yn kaart brocht.
It bestjoer fan de stichting bestie út D.T.E. van der Ploeg, foarsitter; mr. L.A. de Vries, sekretaris; J.H.P. Westhof, ponghâlder; G. Bosch, J.T. Hendriksma, W. de Jong, A.G. Witteveen. De redaksje fan de te skriuwen Avifauna fan Fryslân is gearstald út de bestjoersleden fan de stichting, wylst ta de redaksje ek deskundigen fan bûten de stichting útnûge wurde koene. Yn de jierren dêrnei waard it primêre doel berikt, it útjaan fan de Avifauna fan Fryslân (yn gearwurking mei de Fryske Akademy)
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|