De Stichting Alde Fryske Tsjerken, fêstige oan 'e Emmakade yn Ljouwert, is in organisaasje dy't bedrige tsjerken, tuorren en klokkestuollen oernimt, se restaurearret en der in nije bestimming foar siket.
De stichting is der komd op inisjatyf fan de provinsjale Tsjerkfâdij-Kommisje fan de Herfoarme Tsjerke yn Fryslân en nei Grinslanner foarbyld oprjochte yn 1970. Se wurdt holpen troch in soad frijwilligers en donateurs. De Stichting organisearret ekskurzjes en jout publikaasjes út yn in ringbân. Se hat in oerwurk- en in oargelkommisje dy't advisearje. Der is in deistich bestjoer, in algemien bestjoer en in ried fan advys.